Große Kreisstadt
De große Kreisstadt, yn guon dielsteaten ek große selbständige Stadt of große kreisangehörige Stadt neamd, is in begryp út it Dútske gemeenterjocht. It is in status fan in yn 'e regel gruttere gemeente, dy't ûnderdiel foarmet fan in lânkring (Landkreis, Kreis), mar yn ferlikening mei de oare gemeenten yn dy lânkring mear taken en ferantwurdlikheden hat.
Oan 'e iene kant kinne kreisfreie Städte (yn Baden-Wuertemberch: Stadtkreise) mei in wet of rjochtsferoardening troch yndieling by in lânkring ta in große kreisstadt degradearre wurde, lykas dat ek yn it ferline by gemeenteherfoarmings bart is. Oan 'e oare kant kinne gemeenten, dy't ûnderdiel foarmje fan in lânkring, troch in rjochtsferoardening fan 'e dielsteat of it Dútske Ministearje fan Ynlânske Saken de status fan in große Kreisstadt krije, as dy stêd foldocht oan it betingst fan in minimum oantal ynwenners. It Ministearje fan Ynlânske Saken moat by de ôfweging om de status fan große Kreisstadt te ferlienen, beöardielje of de betreffende gemeente sterk genôch is, om de ekstra taken en ferantwurdlikheden oan te kinnen. In große Kreisstadt hoech net perfoarst in Kreisstadt te wêzen.
Tapassing nammen
bewurkje seksje- Große Kreisstadt: Baden-Wuertemberch, Beieren en Saksen.
- Große kreisangehörige Stadt: Brandenburch, Meklenburch-Foarpommeren, Noardryn-Westfalen, Rynlân-Palts, Sleeswyk-Holstein en Tueringen.
- Große selbständige Stadt: Nedersaksen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Große Kreisstadt, ferzje 30 maaie 2024. |