Groet (plak)
Groet is in doarp yn 'e gemeente Bergen yn 'e provinsje Noard-Hollân. Groet hat 1.525 ynwenners.
Groet | ||
Tsjerkebrink | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Bergen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.525 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 3,25 km², wêrfan: - lân 3,24 km² - wetter 0,1 km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 43 'NB, 4° 40 'EL | |
Offisjele webside | ||
dorpsvereniginggroet.nl | ||
Kaart | ||
Groet hat in skoft in selsstannige gemeente west. Yn 1834 gie it doarp al yn 'e gemeente Schoorl op en sûnt 2001 waard dy gemeente by de gemeente Bergen yndield. De plaknamme kaam al yn 'e 12e iuw as Grothen foar en yn 1480 as Groede. De plaknamme soe ferwize nei it feit dat it gebiet ea bûtendyksk oanslike en dêrnei begroeid rekke.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeIt Wite Tsjerkje fan Groet waard yn 1575 fuort nei de reformaasje boud.
Oan 'e Kerkbrink stiet it lytse, eardere riedhûske út 1539.
Yn 'e Groeterpolder stiet oan 'e Hargerwei de Groetermûne, in poldermûne mei in ikehouten achtkant. Tegearre mei it elektrysk gemaal bemeallet de mûnder de polder.
Joadsk begraafplak
bewurkje seksjeSûnt 1602 begroeven de Amsterdamske Sefardyske joaden harren deaden yn Groet. Yn 1614 kochten hja in stik grûn yn Ouderkerk aan de Amstel en noch itselde jier waard dêr it begraafplak Beth Haim yn gebrûk nommen. Tenei begroeven hja de deaden dêre. De grêven fan Groet waarden sûnt 1616 romme en de omskotten binne doe op it nije begraafplak op 'e nij begroeven. It lêste grêf waard yn 1634 romme.
Kuierrûte
bewurkje seksjeTroch Groet rint de Europeeske kuierrûte E9, dat dêre ek it Noardseepaad of it Hollânsk Kustpaad neamd wurdt.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Poldermûne.
-
Byld Waskfroulju (Carla Rump).
-
Pleats.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is in oersetting fan it Nederlânsktalige lemma, sjoch foar referinsjes/boarnen op nl:Groet (plaats)
|
Gemeente Bergen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aagtdorp • Bergen • Bergen oan See • Bregtdorp • Catrijp • Camperduin • Egmond aan den Hoef • Egmond-Binnen • Egmond oan See • Groet • Hargen • Rinnegom • Skoarl • Skoarldam (foar in part) • Wimmenum | ||
· · |