Wite Tsjerkje (Groet)
It Wite Tsjerkje is it tsjerkegebou fan it Noard-Hollânske Groet. De tsjerke is fan 'e Protestantske gemeente Skoarl-Groet-Camp.
Wite Tsjerkje | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Groet | |
adres | Kerkbrink 1 | |
koördinaten | 52°43'N 4°40'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1738 | |
monumintnûmer | 33834 (tsjerke) 33835 (toer) | |
Webside | ||
PKN-gemeente | ||
Kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeIt ienfâldige tsjerkegebou stiet op in terp. It is in ienskippich tsjerkje mei in tonferwulft en in houten, achthoekich tuorke.
Sûnt 1805 diele de herfoarmen fan Groet en Skoarl ien dûmny, dy't de iene snein yn it iene en de oare snein yn it oare doarp preket. Oan 'e ein fan 'e 20e iuw binne de herfoarmen en grifformearden fan 'e doarpen wer byinoar gien.
De tsjerke is sûnt 1972 in ryksmonumint.
Oargel
bewurkje seksjeSûnt 1913 hat de tsjerke in kammenetoargel. De kast en in part fan 'e pipen binne fan likernôch 1750. De bouwer fan it ienmanualige ynstrumint mei sân registers is net bekend.
Wite Hûskes
bewurkje seksjeFoar de tsjerke oer stiet in histoarysk gebou, dat bekend stiet as de 'Wite Hûskes'. It gebou bestiet út ferskillende dielen en tsjinne foarhinne as wente, riedshûs en finzenis. Sûnt de ein fan 'e 20e iuw is de protestantske gemeente eigner, dy't it gebou foar aktiviteiten brûkt.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|