Grumman A-6 Intruder

Grumman A-6 Intruder


Rol Oanfalsfleantúch/jachtbommesiter
Makker Grumman
Earste flecht 19 april 1960
Yn tsjinst 1963
Ut tsjinst 28 april 1993 (USMC)
28 febrewaris 1997 (USN)
Tal makke 693 (1963-1990)
Brûkers
Farianten Northrop Grumman EA-6B Prowler, KA-6D Intruder (tankfariant)

De Grumman A-6 Intruder wie in Amerikaansk militêr oanfalsfleantúch mei twa motors, dat ein jierren fyftich ûntwurpen waard foar de Marine fan de Feriene Steaten. It tastel waard in soad brûkt en wie in tsjinst by de Amerikaanske marine, de USN en by de Amerikaanske mariniers, it USMC.

In A-6B op fleandekskip USS Saratoga (1971)
In A-18C Hornet wurdt bytankt troch in KA-6D Intruder

De A-6 wie tige sterk boud en koe ek by min waar operearje (‘all weather’-kapasiteit), dêrom wie it tastel hast universeel yn te setten. De A-6 waard sawol by grutte kombinearre loftoanfallen brûkt as ek faak by nacht yn seksjes fan twa tastellen of allinnich.

It tastel hie gjin kanonnen, mar wie útrist mei protte hardpoints ûnder de fleugels wêr't goed 9000 kg oan wapens oan ophongen wurde koene.

De Grumman A-6 waard yn 1997 om reden fan ferâldering stadichoan ferfongen, mar it A-6-airframe wurdt noch altyd brûkt foar de operasjonele ECM-fariant fan de USN, de Grumman EA-6B Prowler.

Hûnderten útklaaide airframes waarden yn 2000 yn Floarida yn 'e see smiten en foarmje no in keunstmjittich rif foar de kust by Miami.

Skiednis ynset bewurkje seksje

  • Yn de perioade 1965-1973 wiene Intruders aktyf boppe Laos, Kambodja en Fjetnam. Benei 100 tastellen giene yn dy tiid by in aksje ferlern.
  • Yn 1975 waarden se in skoftke ynset yn Kambodja
  • Yn 1982 diene se mei oan de ynvaazje fan it eilân Grenada
  • Yn 1983 waarden Intruders ynset boppe Libanon; twa giene dêrby ferlern
  • Yn 1986 folge ynset by aksjes tsjin Libië yn de Golf fan Sidra
  • Yn 1988 fleagen se yn de kontreien fan de Perzyske Golf
  • Yn 1991 diene se mei oan de befrijing fan Koeweit
  • Yn 1993 waarden se ynset by de oarloch mei Irak

Technyske gegevens bewurkje seksje

 
De A-6 fan trije kanten sjoen
Gegevens A-6A Gegevens A-6E
Langte: 16,69 m 16,69 m
Spanwiidte:
  • 16,15 m
  • 7,72 m (fâlde)
  • 16,15 m
  • 7,72 m (fâlde)
Hiche: 4,93 m 4,93 m
Fleugeloerflak: 49,15 m² 49,15 m²
Gewicht leech: 11.476 kg 12.093 kg
Startgewicht maks. : 24.358 kg 27.397 kg
Branjekapasiteit: ?
  • yntern: 8.873 l
  • ekstern: fiif tanks fan 1.515 liter it stik
Heechste faasje: 1.039 km/o (op seenivo) 1.036 km/o (op seenivo)
Krúsfaasje: 744 km/o (op seenivo) 763 km/o (op seenivo)
Klimfaasje: ? 38,75 m/s
Tsjinstplafond: 12.268 m 12.925 m
Fleanberik: 5.190 km 4.408 km
Min. langte startbaan: ? 1.469 m (sûnder katapult)
Langte lâningsbaan: ? 823 m (sûnder rimparasjute)
Oandriuwing: 2 strielmotors Pratt & Whitney J52-P-8A 2 strielmotors Pratt & Whitney J52-P-8B
Driuwkrêft: 2 × 37,81 kN (sûnder neiferbaarnder) 2 × 41,20 kN (sûnder neiferbaarnder)
Bemanning: 2 2
Bewapening:

Raketten en bommen

  • 10x 2.75" Rocket Pod
  • 10x 5" Zuni Rocket Pod
  • 28x Mk-20 Rockeye Mk-77 Napalm
  • 28x Mk-81 (250 lbs)
  • 28x Mk-82 Snakeye 13 Mk-83 (1,000 lbs) of 5 Mk-84 (2,000 lbs)
  • 20x Mk-117 (750 lbs)
  • 28x CBU-78
  • GBU-10E Laser Guided Bomb
  • GBU-12D Laser Guided Bomb
  • GBU-16B Laser Guided Bomb
  • AGM-123A Skipper II
  • AGM-45 Shrike
  • AGM-62 Walleyes
  • AIM-9 Sidewinder
  • AGM-88 HARM

Keppelings om utens bewurkje seksje