Grumman J2F Duck
Grumman J2F Duck | |
---|---|
Rol | Ferkenning, rêding op see, algemiene taken |
Makker | Grumman Columbia Aircraft Corporation |
Earste flecht | 1936 |
Yn tsjinst | 1936 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 584 |
Grutste brûkers | United States Navy, United States Army Air Forces United States Coast Guard United States Marine Corps |
Farianten | J2F-1 oant J2F-6. |
De Grumman J2F Duck (bedriuwsoantsjutting G-15) wie in Amerikaansk ienmotoarich amfibyske twadekker. It tastel operearre sawol fan fleanfjilden as fleandekskippen.
Skiednis
bewurkje seksjeDe J2F wie in ferbettere ferzje fan de eardere JF Duck, waans prototype al yn 1933 fleach en yn 1936 oan United States Navy levere waard. De J2F-1 gie ym 1937 mei in sterkere 760 hk(559 kW) Wright R-1820-stjermotor yn searjeproduksje. Meiïoar kamen der seis farianten fan de J2F (J2F-1 oant J2F-6). De lêste ferzje J2F-6 mei in 1.050 hk Wright R-1820-54-stjermotor waard yn 1940/41 boud. Totaal waarden 567 stiks makke, alle farianten meirekkene.
It tastel tsjinne by alle grutte ûnderdielen fan de Amerikaanske Striidkrêften fan mids tritiger jierren oant in skoftke nei de Twadde Wrâldoarloch, foaral noch foar algemiene tsjinsten en rêdingen op see. It tastel waard ek brûkt troch de Argentynske Marine fan 1937 ôf oan. Nei de oarloch bedarren de J2F Ducks by partikulieren, mar ek by de striidkrêften fan Kolombia en Meksiko.
De lêste tastellen wiene noch oant 1955 operasjoneel.
Technyske gegevens
bewurkje seksjeGegevens | Grumman J2F-6 |
---|---|
Bemanning | Piloat en waarnimmer |
Langte | 10,40 m |
Spanwiidte | 11,90 m |
Draachoerflak fleugels | 38 m² |
Hichte | 4,40 m |
Gewicht leech | 2.485 kg |
Startgewicht | 3.043 kg |
Topfaasje | 305 km/o |
Tsjinstplafond | 7.848 m |
Fleanberik | 2.408 km |
Oandriuwing | Ien Wright R-1820-54 stjermotor, 1.050 HK (783 kW) |
Bewapening | 1 .030 beweechber masinegewear, 295 kg bommen/djiptebommen |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (1945) NAVAER 01-220QA-1 Pilot's Handbook of Flight Operating Instructions Navy Model J2F-6 Airplane
- Histarmar website, Grumman J2F5/6 s.
- Histarmar website, Grumman G-15/20 s.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grumman J2F Duck fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |