Grumman S-2 Tracker
Grumman S-2 Tracker | |
---|---|
Rol | patrouillefleanmasine, ûnderseeboatbestriding. |
Makker | Grumman |
Earste flecht | 4 desimber 1952 |
Yn tsjinst | Febrewaris 1954 |
Status | Aktive tsjinst yn Argentynje |
Tal makke | 1.284 |
Brûkers | Marines fan: Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Japan, Argentynje en Brazylje |
Farianten | Sjoch tekst + Conair Firecat |
De Grumman S-2 Tracker wie in Amerikaanske langeôfstânspatrouillefleanmasine ornearre foar de ûnderseeboatopspoaring en -bestriding.
Skiednis
bewurkje seksjeDe Amerikaanske fleanmasinefabrikant Grumman sette ein Twadde Wrâldkriich útein mei it bouwen fan ûnderseeboatbestridingstastellen. Ien fan de ferneamde typen út dy tiid wie de Grumman Avenger, dy't oant yn de jierren fyftich brûkt waard.
Avengers operearren yn kloftkes fan twa as trije tastellen om ûnderseeboaten op te spoaren en uit te schakelen. Ien tastel (de hunter) wie úrist mei de opspoaringsradar, de oare fleantugen (de killers) hienen djiptebommen en raketten.
Begjin jierren fyftich wie der ferlet fan in tastel dat al dy taken allinne útfiere koe. Yn 1952 late dat ta it "Model 89", in prototype fan in tastel mei twa motors, mei fleugels oan de boppekant fan de romp, omdat sa ûnder de fleugels plak wie foar wapens. Omdat de testresultaten fan it prototype der op liken, bestelde de Amerikaanske Marine (United States Navy) 15 tastellen.
Dêrnei folge in súksesfolle rige fan trije, fan elkoar ôflate typen,
- de Grumman C-1 Trader transportfleanmasine,
- de Grumman E-1 Tracer Airborne Early Warning ferzje en
- de S-2 Tracker ûnderseeboatferkenner/bestrider ferzje.
De firma Grumman levere it tastel ûnder de namme "Grumman S2F-1", mar de US Navy (USN) doopte it tastel "Tracker" (opspoarder). De bemanningen joegen it tastel lykwols de bynamme "Stoof" (fan S-two-F).
Utris
bewurkje seksjeDe earste S2F-1 ferzje hie in AN/APS38 radar yn de romp dy't by ûnderseeboatbestridingsmissys ûnder de romp sakje litten wurde koe, en in Magnetic Anomaly Detector yn in sturtseksje (de saneamde MAD beam) dy't útskood wurde koe. Boppe de cockpit siet in APA69 Electronic Counter Measure (ECM) antinne; dy waard lykwols yn de lettere ferzjes ferfongen troch in AN/APA69 antinne yn in radome. Under de rjochterfleugel wie standert in fêst sykljocht fêstmakke foar gebrûk by nacht en min sicht. Lettere ferzjes krigen standert in noch sterker en beweechber sykljocht.
De Tracker hie 6 ophingpunten ûnder fleugels dêr't in ferskaat oan wapens oan meinaam wurde koe, sa as:
- 15x 5 inch HVAR raketten yn rekken
- Mk54 djiptebommen
- 30x 2,75 inch raketten yn rekken of pods
It tastel hie ek in ynterne wapenromte foar in Mk34 of Mk43 torpedo, 8x SSQ2 en 2 SSQ1 sonoboeien.
De S-2 Tracker koe relatyf in soad brânstof meinimme. Kombinearre mei in frijwat lege krúsfaasje betsjutte dat trochstrings in missytiid fan 6 oeren.
Om oan de grutte ynternasjonale fraach foldwaan te kinnen, waard de Tacker ek yn Kanada yn lisinsje makke troch de firma De Havilland.
Totaal waarden 1284 Trackers boud.
Technyske feiten
bewurkje seksjeFeiten S-2E | |
---|---|
Type: | Underseeboatjager fan fleandekskip ôf |
Oandriuwing: | 2 njoggen-sylinder-stjermotoren Wright R-1820-82WA Cyclone, fan 1137 kW (1546 hk) it stik |
Maks. faasje: | 426 km/o |
Krúsfaasje: | 241 km/o (op 455 m) |
Fleanberik: | 2.092 km |
Fleantiid maks.: | 9 oeren |
Gewicht leech: | 8.505 kg |
Maks. startgewicht: | 13.222 kg |
Spanwiidte: | 22,12 m |
Langte: | 13,26 m |
Hichte: | 5,05 m |
Bewapening: | 1 nukleêre djiptebom Mk 57 of Mk 101 yn it bomrûm en torpedo's op 6 plakken ûnder de fleugels |