Grumman TBF Avenger
Grumman TBF Avenger | |
---|---|
Rol | Torpedo-bommesmiter |
Makker | Grumman, General Motors |
Earste flecht | 7 augustus 1941 |
Yn tsjinst | 1942 |
Ut tsjinst | Sechtiger jierren |
Tal makke | 9.839 (1942 oant 1945) |
Grutste brûkers | Feriene Steaten, Kanada, Nij-Seelân |
Farianten |
De Grumman TBF Avenger (mei de oantsjutting TBM foar de tastellen makke troch General Motors) wie in Amerikaanske torpedobommesmiter dy't yn de Twadde Wrâldoarloch tsjinne yn de kriten om de Stille Oseaan hinne. De Avengers wien stasjonearre op fleandekskippen en op militêre fleanfjilden dy ûnder de Amerikaanske marine stienen. De Avenger waard ûntwurpen as opfolger fan de Douglas TBD-1 Devastator dy't om 1939 hinne ferâldere rekke.
De Nederlânske Marine Loftfearttsjinst hie yn de jierren 50 78 Avengers yn trije ferskillende útfierings yn tsjinst. Dat wiene 34 stiks TBM-3 S2, 24× TBM-3W2 en 20× TMB-3E/TMB-3E2. [1] De S en W-typen foarmen de kearn fan de ûnderseeboatbestriding en in grut part waard oan board fan de Karel Doorman stasjonearre.
Spesifikaasjes (TBF Avenger)
bewurkje seksje- Bemanning: 3
- Langte: 12,48 m
- Spanwiidte: 16,51 m
- Hichte: 4.70 m
- Draachflak fleugels: 45,52 m²
- Gewicht leech: 4.783 kg
- Gewicht mei maks. lading: 8.115 kg
- Motor: 1 Wright R-2600-20 radiaalmotor fan 1.900 hk (1,420 kW)
- Maks. faasje: 442 km/o
- Fleanberik: 1.610 km
- Fleanplafond: 9,170 m
- Klimfaasje: 10,5 m/s
- Bewapening
- Masinegewearen:
- 1 × 0.30 in (7.62 mm) M1919 Browning masinegewear yn de noas (by de earste modellen)
- 2 × 0.50 in (12.7 mm) M2 Browning ms yn de fleugels M2 Browning mss
- 1 × 0.50 in (12.7 mm) M2 Browning ms op de romp
- 1 × 0.30 in (7.62 mm) M1919 Browning masinegewear yn de bûk fan de romp
- Bommen:
- Oant 907 kg bommen as
- 1 × 907 kg Mark 13 torpedo
- Raketten:
- Oant acht 3.5-inch as 5-inch raketten
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|