Hr.Ms. Karel Doorman (skip út 1948)

Hr.Ms. Karel Doorman (R 81) wie it twadde en lêste fleandekskip fan de Keninklike Marine. It wie teffens it grutste skip dat ea by de Nderlânske Marine fard hat. It skip behearde ta de Kolossusklasse en wie yn 1943 te wetter litten. It kaam op 27 novimber 1944 by de Royal Navy yn tsjinst as de HMS Venerable. De Royal Navy hat it skip yn de Twadde Wrâldoarloch yn de Grutte Oseaan brûkt. Under Nederlânske flagge waard it skip ferneamd nei skout-by-nacht Karel Doorman, dy't yn 1942 yn de Slach yn de Javasee as eskaderkommandant mei it flaggeskip Hr. Ms. De Ruyter ten ûnder gien wie.

Hr. Ms. Karel Doorman (R81) mei Hawker Sea Fury's
Veinticino De Mayo (V-2), 1979

Yn 1948 kaam it skip by de Keninklike Marine om de Hr. Ms. Karel Doorman (1946), dat sûnt 1946 hierd wie, te ferfangen. Fan july 1955 oant juny 1958 waard it by de Schiedamse skipswerf Wilton-Fijenoord ferboud om it ree te meitsjen foar it brûken strieljagers. Der waard doe in hoekedek fan acht graden oanbrocht, de hydraulyske katapult waard ferfongen troch in stoomkatapult en der waard in deklâningsspegelsysteem ynstallearre.

It skip hie yn 't earstoan romte foar 30 fleantugen. Doe't de gruttere en swierdere tastellen kamen wienen dat noch 20.

Begjin 1959 makke de Karel doorman in reis nei de Feriene Steaten (Newport, Rhode Island en Fort Lauderdale, Florida), dêrnei gie it nei de Antillen. Teffens waard meidien oan ferkate oefeningen by Skotlân.

De lêste jierren

bewurkje seksje

Yn 1960 makke it in lange reis, wêrby't ûnder oaren Nederlânsk Nij-Guinea besocht waard. Dy reis, en ek de oerdracht fan Nij-Guinea oan Yndoneezje net folle letter, makken de Nederlânske oerheid dúdlik dat in oare rol foar de marine net keard wurde koe. De marine soe har yn de takomst benammen rjochtsje moatte op it bestriden fan ûnderseeboaten yn de Atlantyske Oseaan, oparbeidzjend mei de NAVO bûnsgenoaten. In selsstannige rol, bûten NAVO-gebiet, wie út d tiid en dêrom wie der langer gjin ferlet fan in fleandekskip. Der waard besletten om net mear te ynvestearjen yn de Doorman en it skip om 1970 hinne út de feart te heljen. De yn 1956 kochte Hawker Seahawk-jachtfleanmasines waarden yn 1964 útfasearre en sloopt.

Op 28 april 1968 ûntstie brân yn de foarste masinekeamer en dêrnei ek de efterste masinekeamer. Meidat it skip noch mar twa jier tsjinje soe, waard ôfsjoen fan reparaasje. Op 14 oktober dat jier waard it ferkocht oan Argentynje en waard it omdoopt yn ARA Veinticinco de Mayo (nei de revolúsje fan 25 maaie 1810).

Yn de Falklânoarloch fan 1982 wie it skip noch yn tsjinst en waard it yn it begjin fan it konflikt seker ien kear ynset om de Britske float oan te fallen. Nei it te sink bringen fan de kruser Belgrano waard it skip weromhelle nei it kontinaal plat foar Argentynje dêr't, dêr't de Britske ûnderseeboaten net folgje koenen. Juny 1986 waard it út de faart naam omdat der gjin jild foar modernisearring ta foldwaan wie. Maart 2000 waard sy by Alang (Yndia) op it strân set en dêr sloopt.

Fleanmasines

bewurkje seksje
 
Grumman Tracker

Yn 't earstoan dienen Fairey Firefly patrouiljefleantugen en Hawker Sea Fury jachtfleanmasinen tsjinst op de Doorman. Nei de ferbouwing kamen Grumman Avengers en Hawker Sea Hawks oan board. Ek waarden yn dy tiid faak ien as twa helikopters meinaam. Nei 1960 waarden de Avengers ferfongen troch Grumman S-2 Trackers en waarden in tal Sikorsky HSS-1 SeaBat anti-ûnderseeboathelikopters meinaam. Under Argentynske tsjinst hie it skip A-4 Skyhawks, S-2 Trackers, S-61 Sea Kings en letter noch Super Etendards oan board.

Feiten Karel Doorman

bewurkje seksje
  • Kyl lein: 3 desimber 1942
  • Tewetterlitting: 30 desimber 1943
  • Yn stjinst naam: 28 maaie 1948
  • Ut tsjinst helle: 8 oktober 1968
  • Wetterferpleatsing 19.790 ton
  • Djipgong: 7,5 m.
  • Ofmjittings 214 x 43 meter
  • Masinefermogen:
  • Snelheid: 24 knopen
  • Bemanning: 1509
  • Bewapening 10 x 40 mm mitrailleurs, 2 djiptebomrekken, ± 20 fleanmasines

Keppeling om utens

bewurkje seksje