Grut-Reinaldastate

Grut-Reinaldastate lei noardeast fan Westernijtsjerk yn de gemeente Ferwerderadiel op de súdlike punt fan de langhalige terp fan Terstêd. Op it terrein stiet no in pleats.

Reinalda, yn 1540 'toe Regnaelde' neamd is opnomd fanwege de stinswier dy't der neist lei. Yn de 16e iuw wie it aadlik besit, mar waard it ferpachte. Yn deselde tiid figurearre it ek yn de fantastyske skiedskriuwing oer de family Fan Albada en oer de saneamde "potestaten" fan it frije Fryslân.

Der leinen yn Westernijtsjerk twa Reinalda-goeden: grut en lyts. Grut-Reinalda hearde yn 1511 oan Jemme Herjuwsma, haadling yn Ferwert. Nei syn terjochtstelling wertroude syn widdo Saepck Itsma mei Douwe fan Burmania, dy't yn 1540 as eigener neamd wurdt. Saepck liet 'Regnalda-zate leggende toe Nykerck in Ferwerderdeel' yn har testamint fan 1562 nei oan de bern fan Here Douwes fan Burmania (har styfsoan) en Frau Stenstera (har dochter út in noch earder houlik). Saepck Itsma troude yn totaal fjouwer kear: efterinoar mei Take Douwes Aebingha, Sibren Stenstera, Jemme Herjuwsma en Douwe fan Burmania. GJB (2000) 137. Yn 1640 wie de grytman Douma eigener fan Regnalda.

Oer de relaasje tusken Grut- en Lyts-Reinalda kinne ferskate hypotezes opsteld wurde. Take Mockama, yn 1511 yn it besit fan Lyts-Reinalda, wie in neef fan Jemme Herjuwsma, de eigener fan Grut-Reinalda. Dat bykt út it folgjende: Jancko Douwama, 156, fermeldt oer Gherbet Mockema en Jemme Heerjuwsma: 'nochtans weren se 2 genewen'. Tako wie in folle broer fan Gherbet; meimdat in dochter fan Auck Markla/Jellinga en Wyger Feitsma Lyts-Regnalda yn 1558 ferkochten, is it is oannimliker dat Lyts-Regnalda fan Auck ôfkomstich wie, of fan har earste man, Take Mockema. Fergelykje ek Feytsma en Marckla te Hallum. Auck Jellinga/Marckla en Wyger Feytsma wienen yn 1540 en 1543 eigeners fan 'dat ghuedt hietende Lutke Renalde'. Omdat Auck har mem yn har earste houlik mei Jeppe Jeppema troud west hie en ek oare Jeppema-goederen, lykas Marklastins te Hallum dêrtroch op Auck fererven, is it goed mooglik dat Lyts-Reinalda fan Auck Markla kaam en earder fan de oanbuorjende Jeppema's west hie.

Yn 1558 kamen Grut- en Lyts-Reinalda tydlik yn ien hân: Saepck Itsma, dy't ek Grut-Reinalda yn eigendom hie, kocht doe ek Lyts-Reinalda. Fjouwer jier letter liet se 'Clein Regnaldae' nei oan har soan Gemme fan Burmania.

Yn de 16e iuw en letter wienen Grut- en Lyts-Reinalda hierpleatsen. Dat hjir yn de midsiuwen in ferdiedigber hûs stie, blykt út de stinswier dy't yn 1718 yn de singel bewesten it hiem fan Grut-Reinalda lei. Yn de 16e iuw waard Reinaldastate as âld aadlik wenplak beskôge.
Sa neamt de fiktive genealogy fan de family Albada dat Take Regnalda fan Westernijtsjerk oan de ein fan de 14e iuw troud wêze soe mei Siouck Albada fan Goaiïngea. Hja soene yn 1413 ferstoarn wêze en yn it kleaster Thabor begroeven wêze. Harren dochter Tiets Regnalda soe mei in Riurd Roorda út Tsjummearum troud wêze en yn 1469 stoarn wêze. Foar de wierheid fan dizze berjochten ûntbrekt lykwols elk bewiis. Boppedat waard dizze fiktive Westernijtsjerkse family Reinalda yn genealogyske hânskriften identifisearre mei de Reinalda's fan Toppenhuzen en Doanjewerstâl, fan wa't der ien yn de 12e iuw "potestaat" - troch de Friezen sels keazen bestjoerder - west hawwe soe.

Fan Grut-Reinalda
  • 1511 Jemme Herjuwsma en syn frou Saepck Itsma
  • 1540 Douwe van Burmania en syn frou Saepck Itsma
  • Frau Stenstera en har man Here Douwes fan Burmania
  • 1562 harren bern erfden Grut-Reinalda
  • 1640 grytman Douma
  • 1698 jonker Carel fan Doys en Ansck fan Douma
  • 1700 Ansck fan Douma, widdo Doys
  • 1728 luitenant-generaal Frederik fan Grovestins
  • 1832 Pieter Tjeerds de Boer
Fan Lyts-Reinalda
  • 1511 Take Mockama en syn frou vrouw Auck Jellinga alias Marckla
  • 1540, 1543 Wyger Feytsma en syn frou Auck Jellinga alias Marckla
  • oant 1558 Arlcke Feytsma
  • 1558 - 1562 Saepck Itsma.
  • 1562 Gemme fan Burmania

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: