Kagan
In kagan of khagan is in aadlike titel fan keizerlike rang dy't histoarysk brûkt waard foar de alderheechste hearskers fan folken dy't in Turkske of Mongoalske taal sprieken. De etymology fan 'e term is ûnbekend, hoewol't der ferskate teoryen oer besteane. Guon saakkundigen binne fan tinken dat de Kanadeeske sinolooch Edwin G. Pulleybank gelyk hie, dy't hawwe woe dat de keningstitel fan 'e iere Hunnen of Xiongnu (inkeld oerlevere as de Aldsineeske ferbastering *hʷaʔ-hʷaʰ) de oarsprong fan 'kagan' wêze soe. In oare foaroansteande taalkundige, Denis Sinor, wie de miening tagedien dat 'kagan' in ôfsliten foarm is fan qapɣan, dat yn 'e Turkske talen in yntinsifisearring wêze soe fan qan ("khan", dat "kening" betsjut), krekt sa't qap-qara ("inketswart") in yntinsifisearring fan qara ("swart") is.
In gebiet dat troch in kagan bestjoerd wurdt, is in kaganaat. De oarehelte fan in kagan is (krekt as by in khan) in khatûn. Behalven as "keizer" kin de titel 'kagan' ek útlein wurde as "khan der khanen", ferlykber mei kening der keningen of hege kening. Yn 'e Westerske wrâld wurdt ynstee fan 'kagan' faak de term grutkhan brûkt, bgl. foar Dzjengis Khan en syn opfolgers as hearskers oer it grutte Mongoalske Ryk. 'Grutkhan' is in lienfertaling fan it Mongoalske jeche chagan, dat eins "grutte keizer" betsjut.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |