Grutste Generaasje
In Grutste Generaasje ('grut' yn 'e sin fan 'geweldich'), ek bekend as de Generaasje fan 'e Twadde Wrâldoarloch en yn it Ingelsk as de G.I. Generation ("soldategeneraasje"), is in demografyske leeftydskategory dy't folget op 'e Ferlerne Generaasje en foarôfgiet oan 'e Stille Generaasje. Dizze generaasje wurdt ornaris karakterisearre as alle minsken dy't berne waarden fan 1901 oant en mei 1927. Hja waarden foarme troch de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren en wiene de wichtichste dielnimmers oan 'e striid yn 'e Twadde Wrâldoarloch.
Terminology
bewurkje seksjeDe oantsjutting Greatest Generation (Ingelsk foar "Grutste Generaasje") waard yn 1998 popularisearre troch de titel fan it boek mei deselde namme fan 'e Amerikaanske sjoernalist Tom Brokaw. Yn dat boek bondele Brokaw in stikmannich troch him skreaune biografyen fan Amerikaanske leden fan 'e Grutste Generaasje, dy't mearderjierrich waarden ûnder de Grutte Depresje en fochten yn 'e Twadde Wrâldoarloch of ûnder de oarloch oan it thúsfront de Amerikaanske ekonomy draaiende holden en sa bydroegen oan 'e oarlochsynset. Hy wie fan mieneing dat dy manlju en froulju net fochten of krewearren foar rom of erkenning, mar om't it "it juste wie om te dwaan".
Yn 1991 hiene William Strauss en Neil Howe yn harren boek Generations: The History of America's Future deselde leeftydsgroep oantsjut as de G.I. Generation ("soldategeneraasje"). Dy namme wie in ferwizing nei de soldaten út dy generaasje dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch fochten.
Datearring
bewurkje seksjeIt Pew Research Center definiëarret de Grutste Generaasje as alle minsken dy't berne waarden fan 1901 oant en mei 1927. Strauss en Howe giene yn 1991 yn harren boek Generations: The History of America's Future út fan harren dy't berne waarden fan 1901 oant en mei 1924.
Foarming
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Grutste Generaasje groeiden op yn in tiid fan flugge technologyske ynnovaasje. De auto waard doe (yn it meastepart fan 'e wrâld) yntrodusearre, en de radio en de tillefoan waarden bgl. útfûn. Tagelyk draaide de ekonomy as in tierelier, mar wie der in groeiende kleau tusken earm en ryk. Nei de Beurskrach fan 1929 ûnderfûnen de leden fan 'e Grutste Generaasje djippe ekonomyske, finansjele en maatskiplike opskuor, wêrby't in grut diel fan harren yn djippe earmoede stoart waard.
Oan 'e Krisisjierren kaam pas in ein mei de útbraak fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1939. De leden fan 'e Grutste Generaasje wiene de wichtichste dielnimmers oan dat konflikt. Neitiid bestie der mank harren in sterke oandriuw om 'e macht fan it grutkaptaal oan bannen te lizzen, ekonomyske groei en ûntwikkeling foar eltsenien te skeppen, earmoede te bestriden en sa mooglik út te bannen, en minsken by steat te stellen om yn 'e maatskippij foarút te kommen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
maatskiplike generaasjes yn 'e Westerske wrâld | |
---|---|
Ferlerne Generaasje (1883-1900) • Grutste Generaasje (1901-1927) • Stille Generaasje (1928-1945) • Baby Boomers (1946-1964) • Generaasje X (1965-1980) • Generaasje Y (Millennials) (1981-1996) • Generaasje Z (1997-2012) • Generaasje Alfa (2013-20??) |