Grutte fjoerflinter

(Trochferwiisd fan Grutte Fjoerflinter)

De grutte fjoerflinter (Lycaena dispar) is in flintersoarte yn it skaai fan de echte fjoerflinters (Lycaena).

grutte fjoerflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai echte fjoerflinters (Lycaena)
soarte
Lycaena dispar
Haworth, 1802
IUCN-status: gefoelich

Foarkommen bewurkje seksje

Yn Nederlân fljocht de ûndersoart L. d. batava. Dizze ûndersoart fan de grutte fjoerflinter libbet yn sompen of yn lannen mei feanmoas. De earste kear dat de grutte fjoerflinter yn Nederlân sjoen waard wie yn 1915 yn de Lindefallei. Dêrnei blykte hy ek in oare dielen fan Fryslân foar te kommen. Fan de jierren sechtich ôf giet de flinter stadichoan efterút. De grutte Fjoerflinter komt no allinnich noch foar yn trije gebieten yn noardwest Oerisel en súdeast Fryslân.

Op de Nederlânsk reade list stiet de flinter as "earnstich bedrige". Ynternasjonaal is de status "gefoelich".

Fljochtiid bewurkje seksje

De flinter fljocht fan heal juny ôf oant ein augustus. Foaral tusken 10 oant 25 july. Fljocht altyd in 1 generaasje.

Flinter bewurkje seksje

De wjuklingte is likernôch 21 mm. De boppekant fan de wjukken is by de mantsjes glânzjend oranje mei op de foarwjuk twa swarte plakjes. By de wyfkes is de boppekant fan de foarwjuk oranje mei swarte plakjes. De grûnkleur fan de efterwjuk is ljochtblau.

Rûp bewurkje seksje

De rûp kin 20 mm lang wurde. De rûp is ljochtgrien en op de rêch gieleftich. Op it liif hat de rûp knobbeltsjes mei wite behierring. Se ite earst de ûnderkant fan de blêden op. As de rûp grutter is wurdt ek de boppekant opfretten. De rûpen frette it leafst jonge blêden. De groeiperioade fan de rûp is yn de neisimmer en de dêrop komende maitiid en foarsimmer. De rûp oerwintert as in healwaaks rûp tusken blêden of moas. It falt goed ôf om de rûp te determinearjen, se lykje in soad op blêdwapslarven. Op it fjild is noait mei wissigens te sizzen oft it no in rûp is ja of nee.

De aaikes fan de rûp binne plat mei seis of sân stjerfoarmige ribbels. Se binne te finen op de boppekant fan de hantsjeriis blêden.

De rûp fret fan de hantsjeriis.

Ofbyldingen bewurkje seksje

Sjoch ek bewurkje seksje