De Grutte Postwei (Grote Postweg, Jalan Raya Pos yn 't Yndonesysk) is in wei mei in langte fan sa'n 1.000 km, oer benei de hiele lingte fan noard Java fan Anyer nei Panarûkan. De wei waard oanlein ûnder it bewâld fan gûverneur-generaal Herman Willem Daendels fanwege Kening Loadewyk Napoleon.[1]. Frankryk (mei it Keninkryk Hollân) wie yn dy tiid yn oarloch mei Ingelân

De Grutte Postwei
De Grutte Postwei yn kampûng Cibabat, West-Java
De Grutte Postwei yn Bandûng, 1938.

Doe't Daendels op Java oankaam, sette er fuortendaliks út ein mei de oanlis fan La Grande Route, sa't er de dyk sels neamde, yn it noardlik diel fan Java om it eilân tsjin in Britske oanfal te beskermjen. De dyk moast in flugge ferpleatsing fan troepen mooglik meitsje.

Daendels ferplichte eltse lânseigen hearsker oan de plande rûte om arbeiders te leverjen om oan de dyk te arbeidzjen. Der waarden produksjedoelen fêststeld. At dy net helle waarden, waarden de ferantwurdlike hearsker mei syn arbeiders deadien. Harren plassen waarden yn de beammen oan de dyk hinge. Genede kaam net yn Daendels syn wurdboek foar. Fanwege syn izeren disipline waard de wei foar't er in jier om wie, yn 1808 foltôge, in tige grutte prestaasje foar dy tiid. De oanlis fan de Grutte Postwei hat dêron sines dien foar de bekendheid fan de namme Daendels oant hjoed ta.

Tûzenen Javaanske twangarbeiders stoaren by it oanlizzen fan de wei, guon boarnen sprekke fan 12.000.[2]. Dochs beskôgje in protte hjoeddeiske Yndonezyske skiedkundigen de oanlis fan de wei as in wichtige stap foarút. De Grutte Postwei makke it mooglik om oare dielen fan Java yn mar in pear dagen, ynstee fan wiken, te berikken. De wei ferbynde guon fan de grutste plakken fan Java: Anyer, Cilegon, Tangerang, Batavia, Meester Cornelis (no opnaam yn Jakarta), Buitenzorg, Cianjur, Bandûng, Sumedang, Cirebon, Tegal, Pekalongan, Semarang, Rembang, Tûban, Soerabaya, Pasur^yan, Probolinggo en Panarûkan.

Film bewurkje seksje

Yn 1996 makke de Nederlânske produsint Pieter van Huystee de film De Groote Postweg. De film waard fertoand yn bioskopen yn Nederlân, Italië en Frankryk. De skriuwer Pramoedya Ananta Toer spriek de tekst yn.

Literatuer bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Encyclopædia Britannica: Herman Willem Daendels
  2. William Thorn, The Conquest of Java, (1993), oarspronklik 1815. Singapore: Periplus Editions
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grote Postweg fan Wikimedia Commons.