Grutte Tsjerke (Hylpen)
De Grutte Tsjerke yn Hylpen is in ienbeukige tsjerke, boud yn 1632 op de fûneminten fan syn foargonger. De tsjerke is boud fan Fryske giele stien en blauwe laaien.
Grutte Tsjerke (Hylpen) | ||
Grutte Tsjerke (2011) | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Hylpen | |
adres | Tsjerkstrjitte 1 | |
koördinaten | 52° 56' 35" NB 5° 23' 55" EL | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1632 1593 (toer) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22171 | |
Kaart | ||
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe âlde tsjerke fan Hylpen waard yn 1570 yn de Tachtichjierrige Oarloch ferwoaste. Dy âlde tsjerke wie wijd oan Sint-Gertrudis. Om 1590 hinne waard de tsjerke werboud. De tsjerketoer komt út dy perioade en wie klear yn 1593. Yn 1632 waard dizze tsjerke ferfongen troch in grutter gebou. Yn 1658 waard de tsjerke yn súdlike rjochting útwreide ta in twabeukige halletsjerke. Dy útwreiding is yn 1892 wer ôfbrutsen. Ut dat lêste jier stamme en de rûnbôgige finsters fan de tsjerke. De toerspits gie yn 1701 nei in bliksemynslach ferlern. Yn 1724[1] waard as bekroaning fan de toer de hjoeddeiske spits op de toer setten. Boppe-op de achtkantige spits is in koepeltsje oanbrocht mei in wynfaan yn de foarm fan in sylskip. De bekroaning fan de toer waard ûntwurpen troch Claes Piters. Yn 1685 waarden der klokken yn de toer hong, dy't makke wienen troch de klokjitterij fan Petrus Overney út Ljouwert. Fan dy twa klokken koe der nei de Twadde Wrâldoarloch mar ien eksimplaar fan weromfûn wurde.
It yngongsportaal oan de súdside waard yn 1658 makke troch Claes Lykles foar de súdlike beuk. Yn it fries stiet de tekst
Des Heeren Woordt met
Aendacht hoort komt
daartoe met hoopen
als hinden loopen
Yn it fronton derboppe it wapen fan Hylpen en it jiertal 1658. By de ferbouwing fan 1892 waard dizze tagong fersetten nei de nije súdkant fan de tsjerke. Boppe de tagong oan de noardside sit in fries mei de ôfbyldingen fan de Hoarn fan oerfloed en fan in wynkanne. Dêr is ek yn it fronton in ôfbylding fan it stedswapen fan Hylpen oanbrocht.
It oargel waard yn 1812 makke troch it Ljouwerter bedriuw L. van Dam & Soan net foar de tsjerke fan Hylpen, mar foar dy fan Easterbierrum. Yn 1868 waard it oargel oerbrocht nei Hylpen. De kas fan it oargel is âlder en is grif makke troch Harmen Jans yn 1665 en troch dy syn soan Jan Harmens Camp yn 1719 wizige.
Yn de tsjerke hingje twa nammebuorden mei de nammen fan de predikanten fan 1580 - 2010. Fan de kroanluchters datearret ien eksimplaar út 1668
Op it aairûne tsjerkhôf om de tsjerke lizze in tal oarlochsgrêven fan ferstoarnen út de Twadde Wrâldoarloch.
De tsjerke is erkend as ryksmonumint ûnder mear fanwegen de markante lizzing, de fisuele wearde, de âlderdom, de weardefolle ûnderdielen fan it ynterieur en de arsjitektoanyske foarmjouwing.
-
Ynterieur mei oargel
-
Ynterieur mei preekstoel en kroanluchters
-
Buorden mei nammen predikanten
-
Fronton boppe de noardlike yngong
-
Fronton boppe de súdlike yngong
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|