Grutte wite koalflinter

(Trochferwiisd fan Grutte Wite Koalflinter)
Grutte wite koalflinter
Large white spread wings.jpg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Wytflinters (Pieridae)
soarte
Pieris brassicae

De Grutte Wite Koalflinter (Pieris brassicae) is in soarte yn it skaai fan de Koalflinters (Pieris).

FerspriedingBewurkje

De Grutte Wite Koalflinter is oeral te finen; it is dan ek in algemiene stânflinter. Neffens eartiids is de fersprieding net feroare. Dat de Grutte Wite Koalflinter eartiids ek al algemien wie, docht bygelyks bliken út Ter Haar, dy't yn 1928 de soarte yn hiel Nederlân soms tige skealik neamt.

Dizze flinter stiet op de reade list as net bedrige.

FlinterBewurkje

De fleantiid: begjin april oant ein juny, en begjin july oant healwei oktober, foaral tusken 15 july en 1 septimber.

RûpBewurkje

It liif fan de rûp is griiseftich en hielendal bedekt mei swarte tekens en stippen. De rûp hat giel op 'e sydkant.

De rûp fret foaral koal. De jonge rûpen libje yn groepferbân en ite foaral de rânen fan it blêd. De gruttere rûp libbet allinnich.

De rûp ferpopket him ûnder in keunstmjittich kapke fan blêden.

OfbyldingsBewurkje

Sjoch ekBewurkje

Keppeling om utensBewurkje