Grutte stjonkswam

De grutte stjonkswam (Phallus impudicus) is in algemien foarkommende poddestoel. It is in saprofyt.

grutte stjonkswam
Grutte stjonkswam yn 'e bosk by Wynjewâld (2020)
taksonomy
ryk skimmels (Fungi)
stamme stâltsjeswammen (Basidiomycota)
klasse plaatsjesswammen (Agaricomycetes)
skift stjonkswameftigen (Phallales)
famylje stjonkswammen (Phallaceae)
skaai stjonkswammen (Phallus)
soarte
Phallus impudicus
L. : Pers.

De grutte stjonkswam waakst út in aaifoarmige bol, bekend ûnder in hekse- of duvelsaai. Yn in relatyf koart skoftke tiid ferskynt út dat aai in wite, spûnseftige stâl fan maksimaal likernôch 20 sintimeter heech. De ikelfoarmige kop fan de stjonkswam is mei in oliifbrune en slimerige spoarelaach oerdutsen, gleba neamd. De grutte stjonkswam is oan de stank meters fierderop te rûken. Dêrmei lûkt de stjonkswam miggen oan, dy't soargje foar de fersprieding fan de spoaren. Sûnder spoarelaach is de kop wyteftich fan kleur mei in raateftige struktuer. Oan de top fan de kop is in lytse iepening.

Fersprieding

bewurkje seksje

De grutte stjonkswam waakst fan de simmer oant de hjerst op humusrike sângrûn en op fermôge hout yn bosk, parken en tunen. De fersprieding is fan Europa, Aazje oant Noard-Amearika.

Keppeling om utens

bewurkje seksje