Grytmantoertocht
De Grytmantoertocht is in reedriderstocht oer 20 of 40 kilometer. Dizze tocht fûn plak op 12 febrewaris 2012, 29 desimber 2010 en dêrfoar foar it lêst yn 1991. De start is by hotel restaurant Ie-Sicht by Aldegea S. en de rûte giet oer de Wide Ie nei de Kromme Ie, Sitebuorster Ie, Peanster Ie, troch de Janssleat, Modderige Bol en Goaiïngahúster Sleat en komt wer út op de Wide Ie.