Guido Gezelle
Guido Gezelle (Brugge, 1 maaie 1830 - dêre, 27 novimber 1899) wie in Flaamske lyryske en stikeldichter en oersetter. Hy is meast bekend om syn fynfielige gedichten oer de natoer, syn byldzjend taalgebrûk en as firtuoas taalkeunstner. O 't ruischen van het ranke riet en Het Schrijverke út de dichtbondel Vlaamsche Dichtoefeningen (1858) binne mar twa fan syn meast ferneamde wurken.
De tematyk fan syn gedichten is typysk romantysk, mei ûnderwerpen as natuer, freonskip en de dea.
Gezelle en FryslânBewurkje
Gezelle fielde in freonskipsbân mei Fryslân en wie kenner fan de Fryske taal. Hy skreau mei Johan Winkler dy't him yn 1874 ek bekend makke yn Noard-Nederlân. Gezelle skreau in Frysk gedichtsje foar Winkler. Wurk fan Gezelle is yn it Frysk oerset troch J. J. Hof, Gerben Rypma, A. M. Wybenga en oaren. [1]
PriuwkeBewurkje
Als de ziele luistert spreekt het al een taal dat leeft, 't lijzigste gefluister ook een taal en teeken heeft: blâren van de boomen kouten met malkaar gezwind, baren in de stroomen klappen luide en welgezind, wind en wee en wolken, wegelen van Gods heiligen voet, talen en vertolken 't diep gedoken Woord zoo zoet.. als de ziele luistert! 1859 |
LiteratuerBewurkje
- Guido Gezelle: Verzameld dichtwerk. Redaksje Jozef Boets, mei gearwurking fan K. De Busschere e.o. Antwerpen/ Amsterdam, De Nederlandsche Boekhandel, 1980-1991. 8 dielen.
- Johan van Iseghem: Gezelle vertaald. Een meertalige bloemlezing. Kapellen, Pelckmans, 2003. ISBN 90-289-2757-3. In kar fan gedichten mei hieltyd de Frânske, Dútske, Ingelske en/of Latynske oersetting. It foarwurd jout in koart oersjoch fan Gezelles ûntwikkeling
- Jozef Boets: Gij ..., met uw zwart habijt en uwen bek van goud. Spreuken, gezegden en korte verzen. Kapellen, De Nederlandsche Boekhandel, 1986
- Michel van der Plas: Mijnheer Gezelle. Biografie van een priester-dichter (1830-1899). Tielt/ Baarn, Lannoo/ Anthos, 1990 (608 s.)
Keppelings om utensBewurkje
- Gezelle yn de DBNL
- Guido Gezellearchief (Iepenbiere Bibleteek Brugge)
- Gezelliana: tydskrift útjûn troch it Gezellesintrum fan de Universiteit Antwerpen yn gearwurking mei it Guido Gezellegenoatskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|