Guiljelmus Saldenus

Guiljelmus Saldenus (Utert, maaie 1627 - De Haach, 7 of 8 febrewaris 1694) wie in Nederlânsk teolooch en dichter.

Saldenus waard berne as Willem Salden, soan fan skroar Hendrik Salden. Hy studearre yn Utert teology. Saldenus krige ûnder oaren les fan Gisbertus Voetius, Meinardus Schotanus en Johannes Hoornbeeck. Op 16 septimber 1649 waard er predikant te Renswoude. Dêrnei stie er yn de gemienten Kockengen (1652-1655), Inkhuzen (1655-1664), Delft (1664-1677) en De Haach.

Guiljelmus Saldenus wie befreone mei Herman Witsius dy’t yn syn Inkhúzer tiidrek yn it neibuorjende Westwoud stie.

Guiljelmus Saldenus hat ferskate teologyske boeken, dichtwurken en bibliografyen skreaun.

Inkelde boeken:

  • De Wech des Levens (1657)
  • Geestelijk Avontmael (1660)
  • De droevigste Staet (1661)
  • Een Christen vallende en opstaende (1662)
  • Toetsteen van een Christens Oordeel (1665)
  • Leven uyt de dtDoo (1667)

Keppeling om utens

bewurkje seksje