Herman Witsius (Inkhuzen, 12 febrewaris 1636 - 22 oktober 1708), of Hermannus Witsius, wie predikant, teolooch en fertsjinwurdiger fan de Fierdere Reformaasje.

Hermann Witsius

Herman Witsius is op 12 febrewaris 1636 berne yn Inkhuzen as Herman Wits (of Witz), soan fan Claes Jacobsz. Wits, dy’t âlderling en boargemaster yn Inkhuzen wie en Jannetje Hermanni. Neidat er privee klassike talen leard hie, folge er yn Utert, en in jier yn Grins, de stúdzje yn de Teology. Hy krige dêr les fan Gisbertus Voetius en Johannes Hoornbeeck. Fan 1654 oant 1655 gong Witsius in jier nei de Universiteit fan Grins, dêr't er les hie fan Samuel Maresius.

Fan 1657 oant 1661 wie Herman Witsius predikant te Westwâld en doe oant 1666 te Wormer. Yn de gemeente fan Wormer hie er as kollega ds. Petrus Goddaeus. Tegearre hâlden sy troch de wike winterlêzings oer bepaalde stikken oangeande it leauwen. Dêr kamen in soad minsken op ôf. Fan 1666 ôf wie er koarte tiid predikant te Goes, oant 1668 doe't er predikant te Ljouwert waard oant 1675. Hjirnei wie Witsius fan 1675 oant 1680 predikant en heechlearaar yn Frjentsjer. Nei't er yn maart 1675 befoardere waard ta dokter yn de teology, fûn yn april de ynauguraasje plak. Hy hold in rede oer "De wiere teolooch: in wiere godgelearde is in learling fan de Skrift en fan de Hillige Geast". Sa'n godgelearde wie er troch genede sels ek. Yn Frjentsjer skreau Witsius syn haadwurk oer de "De Ferbûnnen". Dat wurk droech er op oan kening-steedhâlder Willem III. Witsius joech him de earetitel "Defensor fidei - Beskermer/ferdigener fan it leauwen". Dy godfruchtige Prins fan Oranje, wie yn it jier 1688 mei in hiele grutte float ûnder syn bewâld nei Ingelân fearn om it lân frij te meitsjen fan it roomske jok fan kening Jakobus II, syn eigen skoanheit. Jakobus II flechte nei Frankryk en de protestanten koenen wer sykhelje. De Heare God hat Willem III dêrfoar brûke wold. Fan 1680 oant 1698 wie er prefester yn Utert en as lêste waard er fan 1698 ôf oant syn dea heechlearaar yn Leien. Op 22 oktober 1708 is er ferstoarn. Herman Witsius is begroeven yn de Buurkerk yn Utert.

Herman Witsius wie befreone mei Guiljelmus Saldenus en Johannes à Marck. Doe’t sy meiïnoar yn Fryslân wennen hie er ek goede kontakten mei Wilhelmus à Brakel en dy syn frou Sara Nevius.

Inkelde troch him útjûne publikaasjes binne:

  • ’t Bedroefde Nederlant (It drôvich Nederlân) 1659
  • Practycke des Christendoms (Praktyk fan it Kristendom) 1665
  • Twist des Heeren met zynen Wijngaert (Skeel fan de Hear mei syn Wyngerd) (Ljouwert, 1669)
  • De Oeconomia Foederum Dei cum Hominibus, libri quator (Fjouwer boeken oer de ferskate bedielings fan de testamenten fan God mei de Minsk) (Ljouwert, 1677)