Gondebald

(Trochferwiisd fan Gundebold)

Gundebold, Gondebald of ek wol Aldgillis III wie, neffens de Cronica der Friesen fan Eggerik Beninga in Fryske kening, dy't libbe hawwe soe fan 725 oant 760, en dy't tusken 748 en 760 regearre hawwe soe oer de Friezen. De legindaryske kening Gondebald bestie nei alle gedachten net; hy wie in útfining fan 12e iuwske kronykskriuwers.

Neffens lettere kronyken folge Gondebald syn heit Aldgillis II op doe't hy kaam te ferstjerren. Syn soan Redbad II soe neffens dizze ferhalen de lêste ûnôfhinklike kening fan Fryslân west hawwe. Gundebold hie it regear oer Fryslân eastlik fan 'e Lauwers (it hjoeddeistige Grinslân en East-Fryslân) en oer de Eastfryske Eilannen. Dit omdat syn pake de Slach oan de Boarn fan 'e Franken ferlern hie.

Gundebold soe mei 7.000 striders dielnommen hawwe soe oan 'e striid fan Karel de Grutte tsjin 'e Sarasenen yn Spanje. Hy soe dêr tagelyk mei Roeland sneuvele wêze yn 'e Slach by Roncesvaux. Yn Midsiuwske kroniken, dy't foar in grut part basearre binne op fantasy, wurdt fan him ferslach dien, foar it earst yn 'e kronyk fan Pseudo-Turpyn healwei de 12e iuw. Neffens dizze kroniken wie Gondebold in pakesizzer fan de histoaryske kening Redbad en wie Dibbold, de stamhâlder fan 'e lettere boarchgreven fan Leien, in soan fan sines.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ph. H. Breuker en A. Janse, Negen eeuwen Friesland - Holland, Ljouwert - 1997, side 21, 115, 118-119.