Gunderik (379-428), wie kening fan de Fandaalske Asdingen (406-428) en fan de Alanen sûnt 426. Hy wie âldste soan fan Godegisel, ûnder waans lieding de Asdingen it Romeinske Ryk ynkrongen wienen. Godigisel sneuvele yn 406 en Gunderik waard de nije kening.

Trektocht troch Galje

bewurkje seksje

Under lieding fan Gunderik trochkrústen de Fandalen yn twa jier tiids Galje. Hja ûnderfûnen ynearsten net folle tsjinstân fan de Romeinen, omdat dy harren measte troepen yn Itaalje wiene, dêr't Stilicho elkenien nedich hie yn syn kriich tsjin de Fisigoatyske kening Alarik. De Fandalen ûntwykten lykwols sa folle mooglik de Romeinske striidkrêften. Hieltyd lieten sy de grutte stêden links lizzen en hja wykten út nei it suden doe't de usurpator Konstantyn III mei syn leger fan Brittanje út oerstuts nei Galje. Yn 409 late Gunderik syn minsken de Pyreneeën oer Spanje yn. Ek dêr ûntwykte hy sa folle mooglik it Romeinske leger, dat lyts yn tal wie, en hy fêstige him ynearsten yn Noardwest-Spanje. Al gau late hy fan dêr de Asdingen nei it suden ta, nei dat part fan Spanje dat tsjintwurdich Andalusje hjit.

De Romeinske keizer Honorius seach yn Gunderik in bûnsmaat tsjin syn rivaal Konstantyn III en sleat yn 411 mei him in foederatyferdrach. Lykwols luts Gunderik him net folle oan fan it ferdrach. Krekt as de allyksa nei Spanje ferfarre Silingen, Alanen en Sueven, fierden de Asdingen plondertochten út. Om hjir in ein oan te meitsjen lieten de Romeinen yn 415 fan Galje út in Fisigoatysk leger oerkomme nei Spanje om de Romeinske legersmacht dêr te fersterkjen. Dat leger pakte goed troch en yn twa jier tiids waarden de Silingen sawat útrûge, dat sy ophâlde mei in selsstannich folk te wêzen. De oerlibjenden fan harren folk foegen har by Gunderik. De Alanen yn Lusitaanje. rekke sadannich ferswakke dat sy ek net langer in gefaar foarme.

Om politike redens waarden de Fisigoaten troch de Romeinske keizer werom roppen nei Galje en bleauwen de Asdingen krektsa as de Sueven de ûndergong bespare. Om 420 hinne ferlieten de Asdingen it bergige Gallysje en lutsen troch Lutetia rjochting Batika yn it suden. Stadich oan krige sy hieltyd mear fêste foet omdat de keizerlike steedhâlder yn Spanje, magister militum Kastinus sûnder help fan de Fisigoaten net by steat wie om de Fandalen te betwingen. Yn 422 waard it Romeinske leger sels ferpletterjend ferslein troch Gunderik en oermastere er Kartagena wêrtroch hy hear en master yn Batika waard.

De Fisigoaten dy't fan de Romeinen in fêstichingsgebiet krigen hienen yn Akwitaanje, benoarden fan de Pyreneeën, krigen hieltyd mear belangstelling foar Spanje doe it Romeinske gesach fierder ôfnaam. Amper hindere troch de Romeinen koenen sy harren ynfloed fierder útwreidzje nei Spanje. Om-ende-by 426 foelen sy de Alanen oan, en brochten harren in ferneatigjende delslach ta. Attases, kening fan de Alanen, sneuvele yn in gefjocht tsjin de Fisigoaten en it meastepart fan de oerlibjenden sletten har oan by Gunderik. Dizze waard sûntiids Rex Vandalorum et Alanorum (kening fan sawol Fandalen en Alanen).

Under de lêste jierren fan Gunderiks bewâld, rekken de Fandalen hieltyd faker yn gefjocht mei de Fisigoaten. Meastal wienen de Fandalen de mindere partij, want hja wienen lytser yn tal. Under in plondering fan de stêd Sevilla yn 428 kaam Gunderik om it libben en keazen de Fandalen syn healbroer Geiserik ta opfolger. Under Geiserik lieten de Fandalen Spanje oan de Fisigoaten en stutsen mei skippen oer nei Afrika yn 429.