Gunterstein
Gunterstein is in kastiel oan de eastside fan de Utertske Fecht yn de gemeente Stichtske Fecht yn de provinsje Utert.
It kastiel waard omtrint 1300 boud en yn 1511 yn oarloch ferwoastge. Nei't it yn 1518 op 'e nij set wie, waard it yn 1673 wer ferwuostge, diskear troch Frânske troepen. Nei it ferstjerren fan eigner Engelbert Ploos fan Amstel waard de ruïne earder yn 1680 oan Magdalena Poulle (1632-1699), widdo fan Adriaan Daam, ferkocht, dy't it kastiel datselde jiers foar de twadde kear werbouwe liet.
De ûntwerper fan it nije Gunterstein wie nei alle gedachten de Amsterdamske arsjitekt Adriaan Dortsman (1635-1682). It is boud yn in lette fariant fan it Hollânsk klassisisme, de 'Strakke styl'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|