Gynekolooch
In gynekolooch is in arts dy't spesjalisearre is yn de frouljussykten, oftewol gynekology. De gynekolooch hâldt him ûnder oaren dwaande mei:
- Ofwikingen en sykten fan de froulike geslachtsorganen: ynfeksjes en ûntstekkingen, kanker, 'fersakkingsproblemen', ynkontininsje, hormonale problemen mei of sûnder ôfwikingen fan de menstruaasjesyklus, seksuele problemen.
- It swierwêzen en de befalling, benammen as dy net goed ferrinne, prenatale diagnostyk.
- Fertiliteitsteurnissen.
Behannelingen fan dizze syktes en ôfwikingen kinne medikaminteus of operatyf wêze.
Oplieding
bewurkje seksjeDe oplieding ta gynekolooch yn Nederlân bestiet út:
- Stúdzje genêskunde - 6 jier
- Assistint yn oplieding ta spesjalist (AIOS) - 6 jier