Hûs Bijma
Hûs Bijma, elk wol Hûs te Faan neamd, wie in boarch yn it gebiet Westerkertier yn de provinsje Grinslân. De boarch is benammen bekend wurden troch Rudolf de Mepsche, in bewenner út de 18de iuw.
Yn in oarkonde út 1392 wurdt al sprutsen oer in haadling yn Faan. Dizze, Menne Benyninghe wenne grif al op in foarrinder fan de lettere boarch. Spoaren fan it âldere bouwurk binne yn 1957 oantoand. De namme Bijma, of fariaasjes as Bywema en Bijema, komt foar it earst foar yn de sechtjinde iuw. Bijma wurdt ûnder mear neamd as grytman, nei alle gedachten wenne dy op in foarrinder fan de lettere boarch.
De lêste Bijma, Alijt Bijma stjert yn it begjin fan de santjinde iuw. De boarch, mei de rjochten, giet dan oer op har soan, Ernst Millinga. Letter is der noch sprake fan in Hajo Enens.
Hûs Bijma
bewurkje seksjeBijma wurdt ûnder mear neamd as grytman. Sybolt Bywema hat troud mei Agnes, in bastertdochter fan Roelof van Ewsum, waans famylje op Nienoard wennet.
De Mepsche
bewurkje seksjeBekend, of berucht, waard Bijma troch Rudolf de Mepsche. De boarch waard yn 1712 urven troch syn mem dy't de boarch ôfstie oan har soan. De Mepsche liet de âlde boarch slope en liet flak dêrby op it boarchterrein in nije boarch sette. Op de nije boarch, mear yn it bysûnder it skathûs, waarden de slachtoffers fan De Mepsche fêsthâlden en tramtearre.
De Mepsche hie allegeduerigen jildpine en wie yn 1753 twongen om de boarch te ferkeapjen. It hûs en de rjochten kamen doe yn hannen fan syn sweager, Edzard Alberda fan Bloemersma. Letter waard de boarch bewenne troch meardere boargemasters fan de gemeente Oldekerk.
De bewenners
bewurkje seksjeMiddels it houlik fan Alijt Bijma (†1610?) mei Claes Millinga komt de boarch yn de famylje Millinga. Harren soan Ernst Millinga, jonker en haadling te Faan, ferbout it hûs yn 1613 en (wer)bout it tsjerkje. Syn soan Claes (†1651) ferbout de boarch nochris. Yn 1627 krijt it hûs in nije gevelstien. It boelpartsjen fan Claes is pas yn 1662, wêrby't Ernst fan Millinga (†1671) de boarch krijt mei alle huzingen, hôvingen, grêften, singels, poarte, lannen en gerjochtichheden. As Ernst ferstjert, ferkeapje de fouden fan syn jonge bern de boarch yn 1675 oan Hayo Unico Eenens, waans beppe Millinga hjit; hy ferkeapet op 12 juny 1678 het adelycke huis tot Faen met grafte, cingels enz. oan in professor út Grins, Gerhardus Feltman. Hy hat der grif net wenne, want koart nei syn oankeap wurdt hy rjochter yn Auwerk en ferhuzet.
Gerhard Aldringa, hôveling ta Faan, hiert it hûs mei 77 'grazen' lân en keapet it yn 1688. Dy syn soan Jebbe krijt it op 2 febrewaris 1689. Hy ferervet it yn 1712 oan syn suster Geertruid Aldringa, dy't wyls widdo is fan Peter de Mepsche. Hja stiet de boarch ôf oan har soan Rudolf de Mepsche. Hy is ek Hear fan Bloemersma. Hy lit de boarch slope en lit yn 1725 in nij hûs Bijma bouwe, wat súdliker as Hûs Millinga. Op dizze nije boarch, mear yn it bysûnder yn it skathûs, wurde de slachtoffers fan De Mepsche fêsthâlden en martle. Yn 1753 hat hy safolle skulden dat de adelijcke borgh Bijma tot Faan troch syn skuldeaskers ferkocht wurdt.
It hûs en de rjochten komme yn hannen fan syn zwager, E.R. Alberda, dy't de boarch oan de ein fan de 18e iuw ferkeapet oan Justus Hendrik Ludovicus d'Aulnis de Bourouill, dy't yn de buert fan Nienoard, it hûs fan syn skoanfolk wenje wol. Fan 1811-1818 is Justus d'Aulnis maire fan de gemeente Oldekerke, dêrnei wurdt hy frederjochter yn De Like], letter ek yn Súdhorn. Syn âldste soan wurdt maire fan Oldekerke fan 1827-1844. Syn twadde soan Ferdinand Folef bliuwt op Bijma wenjen, dêr't er op 3 novimber 1837 ferstjert. Flak foar syn ferstjerren ferkeapet er it hûs oan Nicolaas fan Hasselt, dy't it yn 1845 trochferkeapet oan Jhr mr Roelof Antonius Quintus (1816-1894), de broer fan Catharina Johanna Quintus, dy't op 25 maaie 1838 boaske mei Jan Carel Ferdinand, de broer fan Justus.
Yn 1860 is de boarch ôfbrutsen.
De lokaasje
bewurkje seksjeBijma stie wat besuden Faan. By de boarch hat ek in tsjerkje stien, dat yn 1826 sloopt is.
It heule boarchterrein is yn 1957 ôfgroeven, wêrby't ek de grêften tichtsmiten binne. It iennichste dat oer is, is in diel fan de oprydleane en it destiidske skathûs dat ta pleats ferboud is.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
</references> |