De HIMtsjerke oan de Smidsstrjitte is in tsjerkegebou fan de Evangelyske Mienskip op it yndustryterrein De Himmen yn Snits.

HIMtsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Smidsstrjitte 8
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
offisjele webside
Evangelische Gemeenschap Sneek

De Evangelyske Mienskip Snits is in jonge tsjerke dy't oansletten is by de Feriene Pinkster- en Evangeeljegemeenten, in lanlik gearwurkingsferbân dat ek mei oare organisaasjes wurket.

Oant 2010 brûkte de mienskip de aula fan de Kristlike Skoallemienskip Bogerman yn Snits foar de tsjinsten. Nei't de leden fan de mienskip hast in heal miljoen euro by inoar sammele, koe yn 2011 in bedriuwsgebou op it yndustryterrein oernommen wurde, dat ynrjochte waard as tsjerke. Njonken in tsjerkeseal dêr't plak is foar 500 minsken, hat it gebou noch in tal multyfunksjonele romtes.

De Evangelyske Mienskip Snits hat in grutte oanlûkingskrêft op de jongerein en kaam yn de neisimmer fan 2020 yn it nijs troch it fanwegen de maatregels yn it ramt fan COVID-19 ferhûzjen fan in dooptsjinst nei De Potten by de Snitsermar, om yn de iepen loft dêr 24 minsken te doopjen.

De Evangelyske Mienskip Snits wit ek migranten oan te sprekken foar it evangeelje. Ienris yn 'e moanne wurde der tsjinsten holden yn it Farsy foar minsken fy't ôfkomstich binne út Iraan, Afganistan en Oezbekistan.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: