HaFaBra
HaFaBra is it muzyksjenre dat makke wurdt troch muzykkorpsen. De namme is in gearlûking fan 'e earste wurdlidden fan 'e ferskillende soarten muzykkorpsen. 'Ha' stiet foar harmony-orkest. Yn in harmony-orkest spylje houtblaasynstruminten (saksofoan, klarinet, dwersfluit, hobo en fagot) en koperblaasynstruminten (trompet, bugel, tromboane, tuba, ensafh.). 'Fa' stiet foar fanfare. Dêryn spylje ek hout- en koperblaasynstruminten, hoewol't dat yn earste eachopslach net sa is. Saksofoanen (de iennichste houtblaasynstruminten dy't by fanfares foarkomme) lykje foar de leek koperblaasynstruminten te wêzen, mar dat is net sa. 'Bra', ta einbeslút, stiet foar brassband. Dêryn spylje allinnich koperblaasynstruminten. Behalven blaasynstruminten hat elts HaFaBra-orkest ek slachwurk (trommen, pauken, drumstellen, triangels, ensfh.).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |