Handley Page Halifax

(Trochferwiisd fan Halifax (fleanmasine))
Handley Page Halifax


Rol Swiere bommesmiter
Makker Handley Page
Earste flecht 25 oktober 1939
Yn tsjinst 13 novimber 1940
Ut tsjinst 1961 (Pakistaanske Loftmacht)
Farianten Halifax C.8 frachtfleanmasine
Tal makke 6.176 fan 1940-1945
Grutste brûkers RAF Royal Canadian Air Force, Royal Australian Air Force, Frije Frânske Loftmacht

De Handley Page Halifax wie ien fan de Britske, fjouwer-motoarige swiere bommewerpers fan de RAF dy't loftfronttsjinst die yn de Twadde Wrâldkriich. In tiidgenoat fan de ferneamde Avro Lancaster. De Halifax die tsjinst oant de ein fan de oarloch en hie neist bombardearjen noch ferskate oare taken. De Halifax waard ek brûkt troch skwadrons fan de Australyske Loftmacht, de Kanadeeske Loftmacht, de Nij-Seelânske Loftmacht, de Pakistaanske Loftmacht en de Poalske Loftmacht.

Yn tsjinst fan de RAF Bomber Command, wiene Halifaxes belutsen by 82.773 operaasjes, smieten sy 224,207 ton bommen en giene 1,833 fleanmasines ferlern. De Halifax tsjinne ek as tôger fan sweefmasines, yn de elektroanyske oarlochfoering foar No. 100 Group RAF en yn spesjale operaasjes sa as it smiten fan wapens en aginten yn beset Jeropa. Halifaxes waarden fierders ynset foar dúkboatbestriding by RAF kustwacht, ferkenning en ferfolden ek metereologyske rollen.

Nei de oarloch bleaunen Halifaxen yn tsjinst by RAF Coastal Command en RAF Transport Command en de Armée de l'Air oant 1952. De Pakistaanske Loftmacht, dy't tastellen oernommen hie, hat se noch brûkt oant 1961.

Mei-inoar binne der 6.176 Halifaxen makke, wêrfan de lêste yn novimber 1946. In oantal RAF Halifax C8s waarden ferkocht en brûkt as frachtfleanmasines by in tal, fral Britske, loftfeartmaatskippijen. En yn 1948 binne 41 brûkt foar de loftbrêge nei Berlyn, dêr't se 4.653 frachtflechten en 3.509 flechten as tankers foar diesel útfierden. Nei dizze operaasje binne de measten sloopt yn Ingelân.

Halifax Mk I mei de Short Stirling en de Avro Lancaster fergelike
Halifax Mark I Searje III, mei en profile wichtige farianten.

Spesifikaasjes

bewurkje seksje
Ofmjittings Halifax B.Mk III
Spanwiidte 31,75 m
Lingte 21,36 m
Hichte 6,32 m
Fleugeloerflak 118,45 m²
Nettogewicht 17.345 kg
Topfaasje 454 km/o
Maksimaal laden gewicht 29.484 kg
Motors Bristol Hercules XVI stjermotor
(1.615 hk it stik)
Bewapening 9× 7,7 mm Browning M1919 masinegewearen
Bommelading Maks. 5.897 kg bommen

Keppelings om utens

bewurkje seksje
  Commons: Handley Page Halifax – foto, fideo en harktriemmen