Henri Carl Johan Elisa (Hans) Borrebach (De Haach, 5 maaie 1903 - dêre, 15 febrewaris 1991) wie in Nederlânske fotograaf, yllustrator, skriuwer, standbouwer, moadetekener, skriuwer oer moade, keunstskilder, cartoonist, striptekener en boekbânûntwerper.

Hans Borrebach
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Henri Carl Johan Elisa Borrebach
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 5 maaie 1903
berteplak De Haach
stoarn 15 febrewaris 1991
stjerplak De Haach
wurkpaad
wurksum as sjoch tekst
medium sjoch tekst
offisjele webside
RKD-profyl Borrebach

Libben en wurk

bewurkje seksje

Borrebach studearre boukunde oan de Keninklike Akademy fan Byldzjende Keunsten yn De Haach. Dêrneist joech er les oan de tekenakademy. Yn de tweintiger jierren wie er reklametekener. Hy ûntwurp tsientallen boekbannen, meast foar berne- en famkesboeken, mar ek foar de detektiveromans fan Ivans makke er in seistal omslaggen. Fierder yllustrearre er ferhalen en rubriken yn tydskriften. Fan 1931 oant 1939 makke er moadetekeningen foar de Haachske Post. Yn de Twadde Wrâldoarloch soe er neffens ûndersiker Gerard Groeneveld it affysje foar de antysemityske film Der ewige Jude makke hawwe dat neffens in doedestiids troch it nasjonaalsosjalistyske Departement fan Volksvoorlichting en Kunsten ynhierd enkêteburo syn doel foarby skeat. Groenevelds claim út 1999 is lykwols net oertsjûgjend bewiisd.

Fan 1946 ôf tekene Borrebach De Avonturen fan Swippie de Zeeman, in strip foar bern, en fan 1948 ôf de sciencefictionstrip Frank Moore, ynspirearre op Flash Gordon. De strip befette SM-eleminten. As gefolch fan de tsjinsin dy't destiids tsjin strips bestie, ferskynden fan Frank Moore mar twa dielen. Ein jierren fjirtich lei Borrebach him ta op it yllustrearjen fan (benammen) famkesboeken. Foar de oarloch wie er al begûn sokke boeken ek sels te skriuwen. Borrebach yllustrearre ûnder mear de Joop ter Heul-boeken fan Cissy van Marxveldt, de Wil boeken fan Willy Pétillon en de De olijke tweeling-searje fan Arja Peters en wie letter ien fan de yllustratoaren fan de ferhalen fan Swiebertje.

Borrebach syn stylbrek foar en nei de Twadde Wrâldoarloch is opmerklik. It ferskil yn syn tekeningen is sels sa grut, dat der praatsjes giene dat de Borrebach-yllustraasjes fan nei de oarloch makke wêze soene troch in Henk Borrebach, in mystifikaasje dy't nei alle gedachten troch Borrebach sels yn 'e hân wurke is. De feitlike reden foar syn nije tekentechnyk wie syn oriïntaasje op in reklamestyl dy 't út Amearika oerwaaide.

Borrebach wie oanhinger en propagandist fan it nudisme. Yn de santiger jierren wurke er oan in stripboek Het meisjesinternaat, in eroatysk ferhaal dat útjûn waard troch Sombrero. It ferfolch, Juffrouw Claudia, is nea ferskynd. Borrebach wie dêrneist aktyf as fotograaf en hie in grutte fotostudio yn Den Haach. Hy skreau in grut tal hobbyboeken oer fotografearjen. Syn projekt foar in mânske seks-ensyklopedy kaam nea fan de grûn.

Borrebach hat twa kear troud west en wenne oan de Frankenslag yn it Statenkwartier yn De Haach. De skriuwster Helga Ruebsamen wenne in skoft yn syn túnhûske. Hy ferstoar yn 1991 yn de âlderdom fan 87 jier yn syn wenplak De Haach.

  • Aafke Boerma, Erna Staal, Murk Salverda: Babs' bootje krijgt een stuurman. De meisjesroman en illustrator Hans Borrebach (1903 - 1991). Schrijversprentenboek 37. Querido / Nederlands Letterkundig Museum en Documentatiecentrum, Amsterdam/De Haach, 1995. ISBN 9021450038
  • Erik van den Berg: Borrebachmeisjes. De Volkskrant 10 augustus 2019
  • Bram Huijser, Nederlandse boekband-, boekomslag- en stofomslag-ontwerpers 1890-1940 (typeskript, 2004)
  • L. van Duuren en R. Klompmaker, Nederlandse illustrators van prentbriefkaarten, Utjouwer Soest: Vereniging Documentatie Prentbriefkaarten, 2004, s. B-22

Keppeling om utens

bewurkje seksje