Harns Unskutten (Nederlânsk en offisjeel: Harlingen Ongeschut) is in festival dat elts jier yn 'e twadde helte fan 'e moanne septimber holden wurdt yn 'e Fryske stêd Harns. It is in optocht fan boaten troch de greften fan 'e Harnzer binnenstêd, dy't yn 2012 foar it earst holden waard, doe min ofte mear by wize fan út 'e hân rûne grap. Sûnt is it evenemint útwoeksen ta in bûnt farspektakel, dêr't elts jier in grut tal muzikanten, bands, dûnsgroepen en teäteracts har meiwurking oan ferliene.

Harns Unskutten
Harlingen Ongeschut
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Harns (gemeente)
plak Harns (stêd)
holden yn binnenstêd
tiid fan it jier 2e helte septimber
bysûnderheden
soarte evenemint optocht fan boaten
bestean 2012 – no
offisjele webside
Harns Unskutten op HarlingenBoeit.nl

Harns Unskutten hat elts jier in oar tema. Yn 2018 foel it evenemint op 22 septimber en wie it tema Nova Sembla. Dat hold ferbân mei de plande tewetterlitting fan it skip de Willem Barentsz op deselde dei. (De oarspronklike Skylger seefarder Willem Barents wie ien fan 'e lieders fan 'e Nederlânske seelju ûnder de ferneamde Oerwintering op Nova Semba, yn 1596-1597.) Hoewol't de tewetterlitting fanwegen de drûge simmer fan 2018 útsteld wurde moast oant yn oktober, hold Harns Unskutten fêst oan Nova Sembla as tema.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ――, Harlingen Ongeschut 2018: stoer, koud en ijsberen, yn: van Wad tot Stad, 28 augustus 2018, s. 37.