Harnzer strân
(Trochferwiisd fan Harnzer Strân)
It Harnzer Strân leit foar de Westerseedyk (mei dêrop de Stiennen Man) oan de Waadsee by Harns en is in rekreaasjestrân mei mooglikheden foar swimmen, (kite)surfen en kanoën. De hoareka en de toiletten binne oanwêzich. It strantsje bestiet sûnt 1997 en is makke mei sân út it, doe ferdjippe, kanaal nei de sâltyndustry. It strân is frij tagonklik foar minsk en bist. Hûnen moatte wol ferplicht oan 'e line. Fierders is der in trelerhelling by it strân oan de Westerseedyk dy't troch elke partikulier brûkt wurde mei. Der is parkeargelegenheid tichteby.
Harnzer strân | ||
Strânpaviljoen Harns | ||
polityk | ||
lokaasje | Westerseedyk | |
wetter | Waadsee | |
plak | Harns | |
lingte | 500 m | |
oar | ||
koördinaten | 53° 10' N 5° 25' E | |
foarsjennings | húskes, hoareka, trelerhelling | |
Kaart | ||