Harnzer Wettersportferiening

De Harnzer Wettersportferiening (Nederlânsk en offisjeel: Harlinger Watersportvereniging) is in wettersportklub yn 'e Fryske stêd Harns, dy't him benammen dwaande hâldt mei silen op It Waad. De namme fan 'e feriening wurdt gauris ôfkoarte ta HWSV. De Harnzer Wettersportferiening is oprjochte yn 1932 en hie yn 2018 likernôch 350 leden. De feriening is oansletten by it lanlik Wettersportbûn.

Harnzer Wettersportferiening
Harlinger Watersportvereniging
algemiene ynformaasje
ôfkoarting HWSV
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd wettersport
fêstige yn Harns (Fryslân)
oprjochte 1932
tal leden ±350
offisjele webside
www.hwsv.frl

De HWSV beskikt oer in eigen jachthaven mei goede foarsjennings deunby de Harnzer binnenstêd. Der binne 96 lisplakken, dêr't ek (passearjende) net-leden gebrûk fan meitsje meie. Behalven mei it ûnderhâld fan ee havenfasiliteiten hâldt de feriening him fral ek dwaande mei it promoatsjen fan de sylsport op 'e Waadsee. Dat wurdt dien troch it organisearjen fan mienskiplike syleveneminten, mar ek lêzings, klubjûnen en syllessen foar de jongerein. Ienris yn it jier organisearret de HWSV boppedat de HT Race, in sylwedstryd fan Harns nei West-Skylge.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: