HT Race
De HT Race of de Harns-Skylge Race is in sylwedstryd dy't elts jier oan 'e ein fan maaie organisearre wurdt troch de Harnzer Wettersportferiening (HWSV). De wedstryd giet fan Harns nei West-Skylge, en waard foar it earst holden yn 1946. De bedoeling fan 'e HWSV is om mei it evenemint in bydrage te leverjen oan 'e ûntjouwing fan 'e Nederlânske wettersport.
HT Race | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns Skylge | |
holden yn | Harns (stêd), West-Skylge | |
tiid fan it jier | ein maaie | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Harns-Skylge Race | |
soarte evenemint | wettersport (hurdsilen) | |
bestean | 1946 – no | |
org. troch | Harnzer Wettersportferiening | |
offisjele webside | ||
www.htrace.nl |
- Dizze side giet oer de sylwedstryd fan Harns nei Skylge. Foar de roeiwedstryd tusken dy beide plakken, sjoch: Harns-Skylge Roeirace.
Neffens de eigen webside fan 'e HT Race is de wedstryd "in begryp yn de Nederlânske sylwrâld". It evenemint is unyk trochdat sawol hurdsilers mei ûnderfining meidwaan kinne, as toersilers dy't der aardichheid oan hawwe om ris oan in wedstryd mei te dwaan of dy't (foar it earst) ûnder begelieding de oerstek oer It Waad weagje wolle. De HT Race wurdt fersyld yn ferskate klassen, fan grutte aken oant lytse syljachten en platboaiem skûten.
De begelieding bestiet út motorisearre folchboaten, dy't de sylskippen oer it hiele trajekt yn 'e rekken hâlde. Sa wol de HWSV wedstrydsilen tagonklik meitsje foar in gruttere groep silers. Tsjintwurdich is silen op 'e Waadsee trouwens folle minder nuodlik as yn 'e begjinjierren fan 'e HT Race, sa fermeldt de webside fan it evenemint noch, mei't de boaten no folle grutter binne.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |