Harns-Skylge Roeirace
De Harns-Skylge Roeirace (Nederlânsk en offisjeel: Harlingen-Terschelling Roeirace) is in roeiwedstryd dy't elts jier op 'e freed nei Himelfeartsdei holden wurdt. It giet om sloeproeien, wêrby't de dielnimmers in ôfstân fan likernôch 34 km ôflizze moatte fan Harns nei West-Skylge. Der dogge maksimaal 130 sloepen mei, útslutend troch dêrfoar útnûge te wurden troch de organisaasje efter it barren. Dat is de Stifting HT-Roeirace út West-Skylge, dy't ferbûn is oan 'e Hegere Seefeartskoalle Willem Barentsz. De earste Harns-Skylge Roeirace fûn plak yn 1975, yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan 'e seefeartskoalle.
Harns-Skylge Roeirace Harlingen-Terschelling Roeirace | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Harns Skylge | |
holden yn | Harns, West-Skylge | |
datum | freed nei Himelfeartsdei | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | HT Roeirace | |
soarte evenemint | sportevenemint (roeien) | |
bestean | 1975 – no | |
org. troch | Stifting HT-Roeirace | |
offisjele webside | ||
www.htroeien.nl |
- Dizze side giet oer de roeiwedstryd fan Harns nei Skylge. Foar de sylwedstryd tusken dy beide plakken, sjoch: HT Race.
De Harns-Skylge Roeirace wurdt beskôge as de "keninginnetocht" fan it Nederlânske sloeproeien. It is ien fan 'e swierste roeiwedstriden fan Nederlân, benammen as it waar net optimaal is. Dan hawwe de roeiers nammentlik behalven mei de weagen en it tij ek noch te krijen mei wyn en mooglik delslach. Oer it algemien falle der sadwaande ek geregeldwei sloepen ûnderweis út. Yn 2013 waard fanwegen it minne waar sels de hiele Harns-Skylge Roeirace ôflast. Dat soarge lykwols al foar in nije tradysje: it bungeeroeien. Dêrby wurde de sloepen yn 'e haven fan Harns oan in grou elastyk lein, sadat der roeid wurde kin sûnder fan 't plak te kommen. Dit bungeeroeien wurdt sûnt dy tiid altyd op 'e sneon nei Himelfeartsdei holden, dus in dei nei de eigentlike wedstryd.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |