Maritym Ynstitút Willem Barentsz
It Maritym Ynstitút Willem Barentsz is in hegere seefeartskoalle, dy't in fakulteit is fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert. De skoalle stiet op Skylge en is neamd nei Willem Barentsz.
Hy biedt twa opliedings oan:
De "Skoalle foar de Seefeart" waard yn 1875 oprjochte mei 26 learlingen. Yn Amsterdam, Rotterdam en Delfsyl wiene doe ek al seefeartskoallen. Yn 1899 kaam der in oplieding foar masinisten. Nei de earste wrâldoarloch waard de skoalle oan de Boargemaster Heusdenwei iepene as Willem Barentsz Skoalle. Yn 1966 kaam der nijbou oan de Dellewâl. Dit gebou is modernisearre en opnij iepene yn 2019. It eardere hotel Victoria waard yn 1977 it ynternaat. Mei de komst fan de hbû-struktuer waard de oplieding foar learling-skipswurktúchkundige em learling-stjoerman fjouwerjierrich. Yn 1985 kaam de yntegrearde oplieding Maritym Ofsier. Op 26 maaie 1993 iepene minister Ritzen it Maritym Simulator Trenings Sintrum.
- Studinten
Der is in studinteferiening oan it ynstitút ferbûn: de Hegere Seefeartskoalleferiening 'Willem Barentsz'. Oare seefeartskoallen yn Nederlân hawwe gjin ynternaat mear. Ek it iten bart mienskiplik, om te wennen oan it mei-inoar libjen op in boat.
Yn de earste twa jier fan de oplieding drage de studinten in unifoarm, de saneamde "service dress", it unifoarm fan in Ofsier ter Keapfardij. Ek wenje de earste- en twaddejiers op de kampus "Willem Barentsz". De earste- en twaddejiers binne yn in stik nijbou tsjinoer Hotel Schylge ynternearre. De foarsjennings fan studinteferiening WBS binne hjir ek ûnderbrocht.
- Skylger Ree
De Stichting Skylger Ree waard oprjochte yn 1962 mei as doel it skeppen fan wenromte foar troude learlingen fan de seefeartskoalle dy't foar de hegere rangen studearje. Besit seis bungalows op West-Skylge.
Untwikkelingen
bewurkje seksjeIn grutte feroaring mei eartiids is it wurkjen mei gps, radar, e-mail en kompjûters op see. Om by te bliuwen wurde op de seefeartskoalle dan ek in soad simulators brûkt. Ek bûtenlânske studinten komme dêrfoar nei Skylge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|