Sloeproeien is in ûnderdiel fan de sport roeien, en wol yn orzjinele rêdingssloepen fan skippen en whalers. Der binne 6-, 8-, 10- en ek wol 12-persoans roeisloepen. Tsjintwurdich binne der ek net-orzjinele roeisloepen dy't spesjaal foar wedstriden boud binne.

Sloeproeien yn Rotterdam

Wedstriden wurde roeid mei in handikapsysteem: op basis fan levere fermogen per roeier (wattaazje) wurdt in útslach berekkene.

De sport is sterk yn opkomst, der binne anno 2006 ûngefear 200 sloepen dy't geregeld oan de 10 oant 20 wedstriden meidogge. De lêste wedstryd fan it seizoen is Muiden-Pampus-Muiden.

De FSN (Federaasje Sloeproeien Nederlân) organisearret it Nederlânsk Kampioenskip. Op de kalinder stean ferskate wedstriden, ûnder oare lange-ôfstânswedstriden en sprintwedstriden. De keninginnerees fan it jier is de roeisloepenrees Harns-Skylge, in ôfstân fan sirka 35 km, fan ein maaie.

De sport wurdt hast nearne oars dien as yn Nederlân. Der binne wol inkele wedstriden yn Grut-Brittanje, Dútslân, Frankryk en Itaalje.

Sloeproeiferienings Nederlân

bewurkje seksje

Sloeproeiwedstriden

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje