Harry Oosterman (Drachten, 13 augustus 1957) is in Nederlânsk politikus fan it CDA.

Hy studearre skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins. Nei't er dêr ôfstudearre wie, wie hy in jier dosint skiednis oan it Bogerman Kolleezje yn Snits. Dêrnei wie Oosterman fan 1984 oant 1989 sjoernalist by it Frysk Deiblêd en dêrnei wie er trettsjin jier de direkteur fan it Instituut voor Landbouwcoöperaties. Fan 2001 ôf wie Oosterman senior adviseur by Netherlands Institute for Co-operative Entrepreneurship.

Dêrneist is er ek polityk aktyf. Yn 1995 waard hy gemeenteriedslid yn Littenseradiel, fjouwer jier letter waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Yn oktober 2005 waard Oosterman de boargemaster fan Eaststellingwerf. Yn 2011 en 2017 waard er fannijs beneamd as boargemaster fan Eaststellingwerf. Hy besette dat amt oant 1 augustus 2021.

Op 1 augustus 2021 waard VVD'er Sandra Korthuis beneamd ta waarnimmend boargemeester fan Eaststellingwerf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: