Hartoch fan Edinburgh

De hartoch fan Edinburgh (Ingelsk: Duke of Edinburgh) is in Britske dynastike titel, neamd nei de Skotske haadstêd Edinburgh

It wapen fan Charles, prins fan Wales, de hjoeddeistige hartoch fan Edinburgh

De titel waard foar it earste skepen yn 1726 troch kening George I foar syn pakesizzer Freark Loadewyk, de soan fan de lettere kening George II, dy't doe de prins fan Wales wie. Doe't yn 1727 George II kening waard, krige Freark ek de titel fan prins fan Wales. Yn 1751 ferstoar Freark, foar syn heit, en beide titels giene nei syn soan, prins George. Doe't dy yn 1760 kening waard, gie de titel "hartoch fan Edinburgh" op yn de kroan.

De nije kening joech yn 1764 syn jongere broer Willem Hindrik de titel hartoch fan Gloucester en Edinburgh. Nei dy syn dea, waard de titel troch syn soan, Willem Freark, oernommen. Doe't dy yn 1834 sûnder opfolgers ferstoar, stoar de titel út.

Keninginne Fiktoaria joech de titel yn 1866 oan har twadde soan, prins Alfred, dy't yn 1893 regearjend hartoch fan Saksen-Coburg en Gotha waard. Hy hie mar ien soan dy't lykwols foar him ferstoar, en dêrmei stoar de titel fannijs út.

De titel waard foar in tredde kear skepen yn 1947 troch kening George VI foar Philip fan Grikelân en Denemark, de oarehelte fan syn dochter, de lettere keninginne Elizabeth II. Prins Philip ferstoar op 9 april 2021, dêr't de titel nei oergie op syn âldste soan, Charles, prins fan Wales.

Hartoggen fan Edinburgh

bewurkje seksje

Earste skepping, 1726

bewurkje seksje
Namme Foto Berne Houlik Ferstoarn
Freark, prins fan Wales
Hûs Hannover
  Hannover,
1 febrewaris 1707
prinsesse Augusta fan Saksen-Gotha
17 april 1736
9 bern
Londen, 31 maart 1751
prins George
Hûs Hannover
  Londen, 4 juny 1738 prinsesse Charlotte fan Meklenburch-Strelitz
8 septimber 1761
15 bern
Windsor, 29 jannewaris 1820

Twadde skepping, 1866

bewurkje seksje
Namme Foto Berne Houlik Ferstoarn
prins Alfred
Hûs Saksen-Coburg en Gotha
  Windsor, 6 augustus 1844 gruthartoginne Maria Aleksandrovna fan Ruslân
23 jannewaris 1874
6 bern
Coburg, 30 july 1900

Tredde skepping, 1947

bewurkje seksje
Namme Foto Berne Houlik Ferstoarn
prins Philip
Hûs fan Glücksburg
  Korfû, 10 juny 1921 prinsesse Elizabeth II
20 novimber1947
4 bern
Windsor, 9 april 2021
prins Charles
Hûs Windsor
  Londen, 14 novimber 1948 Diana Spencer
29 july 1981 -
28 augustus 1996
2 bern
Camilla Parker-Bowles
9 april 2005

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch References op dizze side.