Hassan Rohani
Hassan Rohani (of: Rouhani) (Perzysk: حسن روحانی) (Sorkheh, 12 novimber 1948) wie fan 3 augustus 2013 oant 3 augustus 2021 presidint fan Iran. Hy krige by de presidintsferkiezings fan 14 juny 2013 50,71% fan de stimmen en fersloech dêrmei de 5 oare kandidaten.[1] Rohani stiet bekend as in myld-progressyf politikus.
Rouhani studearre yn de stêd Qom en helle 1999 in doktoraat yn de rjochten oan de Glasgow Caledonian University yn Skotlân. Nei de revolúsje fan 1979 wie er ficefoarsitter fan it parlemint en lid fan de definsjeried yn de oarloch mei Irak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|