De Havelter Mûne (Havelter Molen) is in nôtmûne yn Havelte yn de Drintske gemeente Westerfjild.

Havelter mûne
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Havelte
adres Molenweg 29
bysûnderheden
type bouwurk Nôtmûne
boujier 1914, ûnderbou 1873
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 21029 [1]
offisjele webside
Side fan nôtmûne fan Havelte

Nei't de eardere mûne út 1873 by swier waar ôfbaarnde, waard de mûne op deselde stiennen ûnderbou wer opboud mei it materjaal fan in ôfbrutsen grûnsiler út Wapse. Doe't de mûne yn 1951 fan eigner wiksele, waard in elektryske oandreaune hammermûne yn gebrûk nommen, dy't yn de kelder fan de mûne stiet. It koe langer net mear út om mei wynkrêft te meallen.

Yn de jierren 1956-1957 fûn der in grutte restauraasje plak. De houten as waard ferfongen troch in as fan smei-izer. Ek krige de mûne in izeren bûtenroede, de binnenroede bleau fan hout.

Doe't it ûnderhâld fan de mûne te heech waard, droech de lêste partikuliere eigner yn 1991 de mûne oer oan de Stifting Havelter Mûne.

Yn 2009 waard de mûne op 'e nij restaurearre sûnt is it ryksmonumint wer hielendal mealree.

De mûne is in achtkante stellingmûne mei in reiddutsen kape en achtkant. Sûnt 1976 binne de roeden fan de mûne ferfongen troch fokwjukken. De wjukken hawwe in flecht fan 19,50 meter.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: