Heidendom

(Trochferwiisd fan Heidensk)

It heidendom wurdt beskôge as it iere leauwen fan de minsken. It wurd is foaral in kristlik begryp en hâldt yn it ferearjen fan mear as ien god. Neffens de kristlike optyk wurde alle net-monoteïstyske godstsjinsten dy't net op de bibel basearre binne as heidensk beskôge.

Ier heidendom

bewurkje seksje

De kerstening fan Jeropa wurdt faak foarsteld as in opgong fan it barbarendom nei beskaving, en it heidendom wurdt dêrby faak beskôge as wat minderweardichs dat bestriden wurde moast. Dat de minsken it yn dy tiid oars seagen blykt wol út it grutte tal foar-kristlike gebrûken en feesten dy't yn de kristlike kultuer en religy opnommen binne, bygelyks it peaskefjoer, it peaske-aai, de krystbeam en ferskate aspekten fan it Sinteklazefeest.

Nijmoadrich heidendom

bewurkje seksje

Tsjintwurdich is der in oplibjen fan it heidendom yn de westerske wrâld, ûnder de namme modern heidendom, Westersk heidendom of neopaganisme, dat bytiden it karakter fan in subkultuer oannimt. It moderne heidendom wurdt opmakke troch in grut tal ûnderskate religyen, en it fynt syn grûn foar in part yn krityk op 'e materialistyske Westerske maatskippij. Besibbe oan dit nijmoadrich heidendom binne wichelroede-rinnen, astrology, holisme en in soad ynteresse yn parapsychologyske ferskynsels.

Eksterne keppelings

bewurkje seksje