Heiligenblut, yn it Dútsk Heiligenblut am Großglockner ta ûnderskie fan oare plakken mei deselde namme, is een gemeente yn Eastenryk yn de dielsteat Karinsje. De stêd is fakentiden it startpunt foar ekskursjes nei de Pasterze-gletsjer en foar it beklimmen fan de Großglockner (3.797 m.).

Heiligenblut
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Karinsje
Sifers
Ynwennertal 997 (1 jan. 2020)
Oerflak 193,53 km²
Befolkingstichtens 5,2 / km²
Hichte 1288 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.heiligenblut.gv.at

De stêd leit 1.288 meter boppe seenivo oan de foet fan de Großglockner oan it boppeste ein fan it Mölltall yn it Nasjonaal Park Hohe Tauern. Njonken de stêd Heiligenblut bestiet de gemeente út de doarpkes Apriach, Aichhorn, Fleiß, Hadergasse, Hof, Pockhorn, Rojach, Schachnern, Untertauern, Winkl en Wolkersdorf.

Oant yn de Twadde Wrâldkriich waard der yn Heiligenblut goud wûn. Sûnt it ein fan de 19e iuw wurdt Heiligenblut simmerdeis troch toeristen besocht. Fral nei it iepenjen fan de Großglockner-Hochalpenstraße yn 1935 waard de ûntwikkeling fan toerisme ek yn oare seizoenen mooglik.

It Stjerrensjongen mei Trijekeningen yn Heiligenblut waard yn 2010 tafoege oan de list fan Immaterjeel Kultureel Erfgoed yn Eastenryk.

 
Sint-Finsintiustsjerke mei de Großglockner op de eftergrûn

De namme Heiligenblut stamt fan de leginde oer in fleske bloed fan Kristus, dat de Deenske prins Briccius om 914 hinne op 'e weromreis fan Konstantinopel meinaam. De prins fûn syn ein doe't er ûnderweis troch in lawine ûnder de snie bedolle waard. Ut de snie woeksen lykwols trije nôtieren omheech en sa waard syn lichem fûn. Doe't in pear boeren de man in fatsoenlik grêf jaan woene, wegere ien fan 'e fuotten ûnder de grûn te bliuwen. By it ûndersyk hoe't dat koe fûnen hja yn 'e holte boppe syn kût it fleske mei hillich bloed, dat sûnt dy tiid yn it sakramintshúske fan de tusken 1460 en 1491 boude Sint-Finsintiustsjerke bewarre wurdt. Briccius waard fanwegen brek oan bewiis nea offisjeel hillich ferklearre, mar dat makke foar de ynwenners net út, Briccius krige yn é tsjerke syn eigen alter en in krypte.

It ynwennertal fan Heiligenblut lit oer de lêste desinnia in delgong sjen. Neffens de folkstelling fan 2001 is 95,5% fan de befolking roomsk-katolyk en 1,8% protestantsk.

  • Kasteelruïne Farbenstein
  • De Finsintiustsjerke fan Heiligenblut
  • De Briccius-kapelwestlik fan Winkl
  • De wettermûnen fan Apriach

Keppeling om utens

bewurkje seksje