Hein Klompmaker
Hein Klompmaker (Drachten, 1954) is in Nederlânske skriuwer, berneboekeskriuwer en eardere museumdirekteur.
Hein Klompmaker | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1954 | |
berteplak | Drachten | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | skiednis | |
tema's | archeology, prehistoarje | |
bekendste wurk(en) |
Oek-rige | |
jierren aktyf | 1980-no | |
offisjele webside | ||
Hiemside |
Biografy
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeKlompmaker waard berne yn it sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en waard grutbrocht yn Mearum as jongste yn in boerehúshâlding fan trije bern. Hy woe ynearsten sjoernalist wurde mar letter besleat er him op skiednis te rjochtsjen. Nei de hafû folge er in learare-oplieding en studearre dêrnei skiednis oan de Ryksuniversiteit yn Grins.
Wurkpaad
bewurkje seksjeKlompmaker brocht yn 1980 it boek Marloek, Oek En Anderen út, in jeugdroman basearre op in Frânsk stripboek dat er yn in fakânsje yn Frankryk krigen hie. Yn 1988 waard er direkteur fan it Hunebêdsintrum in Borger. Yn 2018 gie er dêr ôf as direkteur en waard opfolge troch Harrie Wolters. By syn ôfskied waard er troch boargemaster Jan Seton (1971) ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau beneamd. Sûnt is er noch kollumnist en skriuwer. Teffens set er him yn foar it behâld fan de Drinske hunebêden.
Bibliografy
bewurkje seksje- (1989) De fascinerende wereld van de hunebedbouwers (tegearre mei A.G. Lieuwer)
- (1980) Marloek, Oek En Anderen
- (2008) Oek gaat op reis
- (2008) Oek en het vuur
- (2009) Oek en de vreemdeling
- (2009) Mijn land is groen, mijn land is mooi
- (2018) Plaats delict: Steentijd
- (2021) Het leven van boeren die hunebedden bouwden. Een collectieve biografie
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|