Heit & Mem
Heit & Mem is in Frysk tydskrift op it mêd fan 'e opfieding fan bern,[1][2] dat fuortkommen is út 'e webside mei deselde namme.[1] [2] It tydskrift is bedoeld foar âldelju yn Fryslân[1][2] en it ferskynt ien kear yn it healjier,[1][2] yn in simmer- en in winternûmer.[2] Heit en Mem is heal om heal skreaun yn it Frysk en it Nederlânsk.[2] It blêd is in útjefte fan 'e Afûk.[1]
Heit & Mem | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk[1][2] | |
taal | Frysk en Nederlânsk[2] | |
sjenre | ynformatyf oang. opfieding[1][2] | |
frekwinsje | 1x yn it healjier[1][2] | |
bestean | 2009 – no[2] | |
oprjochter | Afûk[1] | |
plak haadred. | Ljouwert (Fryslân)[1] | |
útjouwer | Afûk[1] | |
oplaach | 40.000[1][2] | |
ISSN | 1878-4437[3] | |
offisjele webside | ||
heitenmem.nl |
- Net te betiizjen mei heit en mem, d.w.s. âldelju, yn it algemien.
Webside
bewurkje seksjeYn 2007 rjochte de Afûk de webside HeitenMem.nl op.[1] Dy hie as doel om oansteande âldelju fan ynformaasje te foarsjen oer it meartalich grutbringen fan bern.[1] Yn 2015 waard de webside hielendal fernijd.[1] Tsjin dy tiid gie it net inkeld mear om it ynformearjen fan oansteande âlden, mar wie it oandachtsmêd ferlein nei de opfieding fan bern fan 0 oant en mei 12 jier.[1] En behalven stikken oer meartaligens wie de ynformaasje útwreide nei alderhanne mêd.[1] Anno 2019 wurdt HeitenMem.nl deis likernôch 800 kear besocht.[1]
Tydskrift
bewurkje seksjeYn 2009 sette de Afûk njonken it behearen fan 'e webside ek útein mei it útjaan fan it twatalige tydskrift Heit & Mem.[1][2] Krekt as de webside is dat bedoeld foar de âlden fan bern oant en mei 12 jier.[1][2] It blêd jout alderlei ynformaasje oer opfieding yn it algemien, en oer meartalige opfieding yn 't bysûnder. It besiket Fryske âldelju oan te fiterjen om harren bern Frysktalich of meartalich grut te bringen, en stimulearret harren om mear Frysk te lêzen en foar te lêzen.[1]
Heit & Mem wurdt (anno 2019) makke troch redaktrises Dieuwke van der Meer en Hieke Rienstra, oanfolle mei freelance bydragers,[2] en is in útjefte fan 'e Afûk.[1] It blêd ferskynt twaris yn 't jier: yn juny[1] yn in simmernûmer[2] en yn novimber[1] yn in winternûmer.[2] It hat in oplaach fan 40.000 eksimplaren dy't yn Fryslân rûnom ferspraat wurde op mear as 700 plakken yn û.m. bibleteken, sikehuzen, konsultaasjeburo's, bernedeiferbliuwen en op basisskoallen.[1][2] Heit & Mem is fergees.[1][2] It is foar partikulieren ek online by de Afûk te bestellen tsjin inkeld de ferstjoerkosten.[1]
Kwa ynhâld wykt Heit & Mem net folle ôf fan lanlike opfiedingsblêden lykas Ouders van Nu. Wat it tydskrift 'eigen' oan Fryslân makket, is benammen de twatalige opset en de klam op meartalige opfieding.[2] Mei stikjes as Een vakantie zonder internet: het kan echt!, Acht tips foar in poppeslokparty (kraamfeest) en Bevallen met een doula wurdt Heit & Mem it measte troch memmen lêzen, ek al besykje de redaktrises der wol wat om te tinken dat der ek bydragen yn komme dy't ynteressant binne foar heiten.[2] Behalven algemiene artikels omfettet Heit & Mem ek in kollumn fan bernedokter Tjalling de Vries fan it MCL,[2] de rubryk Bernepraatsjes mei sitaten fan bern,[2] en de rubryk Ferneamd (foarhinne bekend as Pake syn Pop of Beppe har Pop), in fotoreportaazje fan pakes en/of beppes mei harren pake- en/of beppesizzers.[2]
Lytse Heit & Mem
bewurkje seksjeDe Lytse Heit & Mem is in beheindere tuskentiidske útjefte fan Heit & Mem, dy't krektlyk yn it Frysk en Nederlânsk skreaun is.[1] Hy wurdt yn in oplaach fan 8.000 eksimplaren ferspraat fia It Taalkado fan 'e Provinsje Fryslân. Dat is in presintsje fan 'e provinsjale oerheid foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte op it gemeentehûs.[1][2] Ek yn 'e Lytse Heit & Mem wurde de minsken ynformearre oer de foardielen fan it Frysktalich of meartalich grutbringen fan 'e bern en oanfitere om Frysk mei de bern te praten.[1][2] De Lytse Heit & Mem is spesifyk rjochte op 'e âlden fan bern yn 'e leeftyd fan 0 oant en mei 2 jier.[1]
Tsienjierrich bestean fan Heit & Mem
bewurkje seksjeOp 9 novimber 2019 waard it tsienjierrich bestean fan it tydskrift Heit & Mem fierd mei in kado-edysje dy't útdield waard op in jubileumfeest yn De Fabriek yn Wergea.[2] Dêr waard ek it earste eksimplaar fan It Grutte Foarlêsboek, in wurk mei Frysktalige ferhaaltsjes, gedichten en ferskes foar jonge bern, yn ûntfangst nommen troch Sesamstraat-akteur Aart Staartjes.[2]
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (fy) /(ned) Offisjele webside fan Heit & Mem
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|