Hendrik Okma
Hendrik Okma (Diken, 27 augustus 1868 - Snits, 25 oktober 1907) wie in jurist en politikus.
Okma kaam út in boerelaach. Hy studearre theology en rjochten oan de Frije Universiteit yn Amsterdam oant 1894 en promovearre oan de Ryksuniversiteit Grins op 10 maart 1894 op de dissertaasje "Iets over de in art. 45 Wetboek van Strafrecht aan de officier van justitie verleende bevoegdheid"
Fan 1894 oant 25 oktober 1907 hie er in abbekatekantoar (tegearre mei syn neef mr. D. Okma) yn Snits.
Yn 1901 waard er út namme fan de ARP lid fan de Twadde Keamer foar it kiesdistrikt Snits. Yn de keamer pleite er foar in âlderdomsfersekering. Skreau Schets ener ouderdomsverzekering. Yn 1905 stie er syn sit ôf oan Abraham Kuyper. .
Hy boaske yn Moarrewâld 10 augustus 1899 oan Catharina Oberman, in muoike fan Piet Oberman. It pear krige fjouwer soannen en twa dochters.
Hy wie promotor foar it Frysk Deiblêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|