Hendrik Willem Kuipers

Nederlânsk ofsier fan justysje (1913–2004)

Hendrik Willem Kuipers (Wommels, 6 septimber 1913 - dêre, 11 novimber 2004) wie in frisiast, súbstitút Offisier fan Justysje sûnt 1951 en Offisier fan Justysje fan 1963 oant 1978.[1][2]

Hy wie in soan fan Ruurd Kuipers, boargemaster fan Hinnaarderadiel en Pietriek van der Mast.[3][4]

Wie ûnder oare sekretaris fan de Provinsjale Underwiisrie en lid fan de Generale Synoade fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Letter foarsitter fan it Kolleezje fan Tafersjoch op de Tsjerkefâdijen yn Fryslân. Lid fan de archeologyske wurkgroep fan de Fryske Akademy en fan de kommisje tuskentiidse beëiniging amtbetsjinning predikanten yn de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. Hy hat skreaun oer toponimen en de tsjerke fan Wommels.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • It "eilân fan Easterein" yn Skeppe en skriuwe - 1995
  • Wommels by âlds : in kuier troch de tiid. Skriuwers: Bokma, Anne; Kuipers, Hendrik W.; Kuipers, Hendrik - 1985
  • Inventaris van de archieven van de Hervormde Gemeente van Wommels - Hidaard - 1980

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. "Officier van justitie mr. Hendrik W. Kuipers", Ljouwerter Krante, 30 septimber 1978
  2. Rou-advertinsje, Ljouwerter Krante, 13 november 2004
  3. Bea-akte
  4. Rechterlijk Friesland 1811-1999: naamlijst leden ... s. 156