Henk Neuman
Hendericus Johannes (Henk) Neuman (Ljouwert, 21 april 1926 – De Haach, 14 jannewaris 2010) wie in Nederlânske sjoernalist, bûtenlânkommintator en direkteur fan ûnder oare it Ynstitút Clingendael.
Libben
bewurkje seksjeNei de hbs doek Neuman oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch ûnder yn Gytsjerk. Nei de oarloch begûn hy syn sjoernalistike karriêre yn 1945 by it Ljouwerter kantoar fan Het Parool. Koart dêrnei moast hy yn tsjinst en kaam by de Dienst voor Legercontacten yn Batavia yn it doestiidske Nederlânsk-Ynje. Nei de twadde polisjonele aksje waard hy yn 1948 oansteld as ferbiningsoffisier by de United Nations Commission for Indonesia (UNCI) dy't tafersjoch hâlde op it bestân dat folge op dy polisjionele aksjes.
Yn 1950 kaam hy werom yn Nederlân en wurke er in skoftke foar de Leeuwarder Courant. Dêrnei studearre Neuman politike en sosjale wittenskippen oan de Universiteit fan Amsterdam (UvA) en wurke hy ek by Radio Nederland Wereldomroep. Dat blykte min te kombinearjen omdat syn wurk meast deis wie en hy sa gauris kolleezjes miste. Yn 1953 kaam er as redakteur bûtenlân by de katolike krante De Tijd (letter De Tijd-Maasbode) dêr't hy nachts wurkje koe. Hy makke de stúdzje net dien, mar bleau oant 1965 by de krante. Om 1960 hinne begûn hy dêrneist te wurkjen foar de Katholieke Radio Omroep (KRO) wat hy oant 1976 dwaan soe. Yn dy perioade wie hy ûnder mear KRO-bûtenlânkommentator, as in soarte tsjinhinger fan G.B.J. Hiltermann fan de AVRO. Desimber 1970 waard it Nederlands Instituut voor Vredesvraagstukken (NIVV) oprjochte dêr't Neuman doe direkteur fan waard. Yn 1983 fusearre it NIVV mei ûnder oare it Nederlânsk Genoatskip foar Ynternasjonale Saken (NGIZ) ta it Ynstitút Clingendael wêrfan Neuman de direkteur waard oant syn pinsjoen yn 1990. Dêrneist waard hy haadredakteur fan de Internationale Spectator wat earder troch de NGIZ útjûn waard. Boppedat wie Neuman fan 1984 - 1987 bysûnder heechlearaar yn de skiednis fan it ynternasjonale feilichheidsbelied en fan 1945 ôf oan de Katolike Universiteit Nymwegen dêr't hy de L.J. Rogier-learstoel besette.
Neuman ferstoar begjin 2010, 83 jier âld.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|