Henk Nijboer
Henk Nijboer (Grins, 31 maart 1983) is in ekonoom en in politikus fan de Partij fan de Arbeid.
Henk Nijboer | ||
Algemien | ||
Berne | 31 maart 1983 | |
Berteplak | Grins | |
Partij | Partij fan de Arbeid | |
Politike funksjes | ||
2003–2007 | lid Steaten Grinslân | |
2012-2023 | lid Twadde Keamer |
Libbensrin
bewurkje seksjeNijboer studearre ekonomy oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dy't er yn 2007 cum laude foltôge. Dêrnei die Nijboer promoasjeûndersyk oan de Universiteit Leien yn it projekt Hervorming Sociale Zekerheid. Tagelyk wurke Nijboer by it ministearje fan Finânsjes.
Tusken 2003 en 2007 wie Nijboer lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân. Sûnt 20 septimber 2012 is Nijboer lid fan de Twadde Keamer foar de Partij fan de Arbeid en wurdfierder fan finânsjes.
Yn 2017 waard Nijboer oanwiisd as foarsitter fan de parlemintêre ûnderfregingskommisje Fiskale konstruksjes. De kommisje hie de opdracht om it trochslúzjen fan kapitaal oer brievebusfirma's yn Nederlân en it fuortboeken fan partikulier fermogen nei it bûtenlân. Mei troch it krewearjen fan Nijboer waard der ek in parlemintêre enkêtekommisje oer de ierdgaswinning yn Grinslân holden.
Nijboer makke op 19 april 2022 bekend dat er nei it fuortgean fan Lilianne Ploumen it fraksjefoarsitterskip fan de PvdA oernimme woe, mar in dei letter joech ek Attje Kuiken har op foar dat wurk en de fraksje keas foar Attje Kuiken.[1]
As lid fan it presidium fan de Twadde Keamer stimde er yn septimber 2021 yn mei in ûndersyk nei it fermiende ûnfoech hâlden en dragen fan syn partijgenoat Khadija Arib yn 'e tiid doe't hja keamerfoarsitter wie. Syn stipe foar dat ûndersyk late ta in soad krityk, sadat Nijboer in wike letter út it presidium stapte.[2]
Op 1 augustus 2023 liet Nijboer witte dat er him net opjoech foar de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezings fan 22 novimber 2023. Nijboer sei dat er him soargen makke oer it beslút fan de PvdA om mei GrienLinks ien list te foarmjen. Yn in fraachpetear nei oanlieding fan syn beslút sei Nijboer dat er in klassike sosjaal-demokraat is en dat GrienLinks oare prioriteiten stelt by de foar him wichtige tema's lykas it bestriden fan earmoede, ûnderwiisefterstannen en wenjen. Oer migraasje skreau Nijboer dat solidariteit net sûnt gryp op grinzen kin en dat de oanpak fan klimaatferoaring mear draachflak easket.[3] [4]
Persoanlik
bewurkje seksjeHenk Nijboer is troud mei Simon den Haak.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|