Henk Sprenger
Henk Sprenger (Oostknollendam, 3 jannewaris 1919 - 29 desimber 2005) wie in Nederlânsk skriuwer en tekener fan tekenteltsjes. Hy waard bekend yn de jierren fyftich mei it tekenteltsje Kick Wilstra oer in fuotballer. De namme wie ôflaat fan trije doe bekende Nederlânske spilers, Kick Smit, Faas Wilkes en Abe Lenstra. It earste album ferskynde yn 1949 en dêrnei wie de strip jierrenlang te lêzen yn Het Parool. In oare bekende strip fan Sprenger wie Piloot Storm. Sprenger wie neist syn tekenwurk wurksum by fleantúchfabryk Fokker. Henk Sprenger ferstoar op 29 desimber 2005, yn'e âldens fan 86 jier. Yn de Stripheldenbuert yn Almeare is de Henk Sprengerwei en de Henk Sprengerbrêge nei him neamd. Yn deselde buert leit ek it Kick Wilstraplantsoen.
Henk Sprenger | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Henk Sprenger | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 3 jannewaris 1919 | |
berteplak | Oostknollendam | |
stoarn | 29 desimber 2005 | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Striptekener | |
bekendste wurk(en) |
Kick Wilstra Piloot Storm | |
útjouwer | Ketelbinkiekrant Het Parool |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|