Henri Willem Karel Huyssen van Kattendijke
Henri Willem Karel ridder Huyssen van Kattendijke (Dimter, 19 july 1919 – Sumar, 1 maart 1994) wie in Nederlânsk politikus fan de CHU en letter it CDA.
Oan it begjin fan syn karriêre wie er folontêr op de gemeentesekretary fan Bathmen. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard er dêr de lieder fan de distribúsjetsjinst, wat er letter ek yn Heino en Dimter west hat. Yn 1945 waard Huyssen van Kattendijke beneamd ta waarnimmend boargemaster fan Vriezenveen. It jier dêrnei waard er dêre by keninklik beslút beneamd ta boargemaster; hy wie doe de jongste boargemaster fan Nederlân. Mids 1971 folge syn beneaming ta boargemaster fan Tytsjerksteradiel.
Yn 1970 ûntfong er in keninklike ûnderskieding. By syn pinsjoen yn 1982 waard die befoardere ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Begjin 1994 stoar Huyssen van Kattendijke yn de âldens fan 74 jier.